Tetrargy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: eu:Tetrarkia
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Venice – The Tetrarchs 03.jpg|right|thumb|Byld fan de tetrarchen dy't har ûnderlinge ferbûnens foarstelle moat.]]
De '''tetrarchy''' is in term út de [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]] en hâlde yn dat it bewâld oer it hiele Romeinske ryk troch '''fjouwer''' persoanen droegen waard. DizzeDy foarm fan regearen waard troch keizer [[Diokletianus]] ynsteld en duorre fan [[285]] oant [[313]].
 
== Untstean en ein ==
Al gau nei syn beneaming as keizer yn [[284]], belûkt Diokletianus [[Maksimianus]] by it regear, ynearsten as [[Caesar (titel)|Caesar]], letter as mei-keizer. Fan [[285]] ôf waard it Romeinske Ryk yn twa besjoerlike helten ferparte. Maksimianus krige de ferantwurdlikheid oer it westlik part, wylst it eastlik part ûnder it gesach fan Diokletianus bleau.
 
Yn [[293]] waard it Keizerryk op 'e nij organisearre ta fjouwer besjtoerlikebestjoerlike dielen dy't ek wer ûnderferparte waarden yn 12 diosesen en 101 provinsjes. De fjouwer dielen waarden bestjoerd troch respektivelik in keizer, Diokletianus (''Augustus Senior''), in meikeizer, Maksimianus (''Augustus Junior''), en twa Caesars: [[Konstantius Klorus]] ''Caesar Senior'' en [[Galerius]], ''Caesar Junior''. As gefolch fan de nije struktuer wie Rome net langer it sintrum fan it Ryk, omdat it bestjoer no festige wie yn fjouwer haadsteden:
* [[Nikomedia]]: wichtichste haadstêd setel fan it betsjoer fan Diokletianus
* [[Tessaloniky]]: setel fan Galerius
Rigel 11:
* [[Milaan]]: setel van Maximianus
 
Yn [[305]] komt der in ein oan de Earste Tetrarchy. De twa keizers loeken har werom en de twa Caesars waarden de nije keizers. Der komme twa nije Caesars foar har yn it plak. De twadde Tetrarchy wurdt ynsteld ûnder lieding fan keizer [[Konstantius Klorus]]. As dizzedy keizer it jier derop komt te ferstjerren wurdt op [[11 novimber]] [[308]] de Tredde Tetrarchy ynsteld tidens de [[Konferinsje fan Karnuntum]], diskear ûnder lieding fan [[Galerius]]. Mei syn dea yn [[311]] komt ek in ein oan dizze bestjoersfoarm yn it Romeinske ryk.
 
Nei de Tredde Tetrarchy foel it keizerryk útien yn twa parten. De westlike helte wie fan [[Konstantyn de Grutte]] en it easten fan [[Lisinius]]. DizzeDy twa keizers hienen gauris spul en lang om let krige Konstantyn de Grutte yn [[324]] de oerhân en waard allinnich hearsker.
 
== Tiidreken ==