Fjetnamoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: war:Gera Vietnam
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - oars: cy:Rhyfel Fietnam; tekstwiziging
Rigel 3:
 
== Oanlieding ==
[[FileOfbyld:Gen-commons.jpg|thumb|left|''Geneefske fredesbesprekkings'']]
It eardere [[Yndo-Sina]] (Fietnam, Laos en Kambodja) wie sûnt healwei de [[19e ieu]] ûnder [[Frankryk|Frânsk]] bestjoer oant de [[Twadde Wrâldkriich]] dêr in ein oan makke. Yndo-Sina waard troch de [[Japan|Japanners]]ners beset en yn dy tiid ûntstie in fersetsbeweging, de ''"Fietminh"'' neamd, besteande út nasjonalistyske kloften dy't harren krêften bondelen. Dizze beweging dêr't [[Ho Tsji-Minh]] de grutte lieder fan wie, rjochte harren ynearsten tsjin de Japanners en letter ek tsjin de Frânsken doe't dy nei de Japanske kapitulaasje werom kamen (sjoch: de [[Frânsk-Fienameeske kriich]]). De [[Feriene Steaten]] waard yn dizze kriich belutsen doe't sy de Frânsken militêre stipe joegen. De akkoarden fan Geneve, in fredesferdrach, makke yn july [[1954]] in ein oan dizze kriich. De koloniale hearskippij fan Frankryk oer Yndo-Sina einige, Laos en Kambodja waarden selsstannich en Fietnam ferparte yn twa tiidlike sônes (skiedsline de 17e breedtegraad). Ek wie der ôfpraat dat yn [[1956]] yn hiel Fietnam ferkiezings hâlden wurde soene.
 
Al gau die bliken dat de Feriene Steaten gjin fertrouwen hienen yn it fermogen fan de regearings yn Kambodja, Laos en Súd-Fietnam om op eigen krêft it fierder opkringen fan de kommunisten tsjin te hâlden. Dêrom waard de [[SEATO]] oprjochte mei as doel de ûnôfhinklikens fan dizze lannen garandearje te kinnen. Wylst de Amerikanen oan Súd-Fietnam stipe taseinen, beloofde [[Sina]] it noarden help by it werstel fan de ynfrastruktuer. Yn oktober 1955 waard yn it suden in [[referindum]] hâlden dêr't de befolking har yn útspruts foar ferfanging fan it regear fan [[Bao Dai]] troch syn premier [[Ngo Dinh Diem]], dy't in diktatuer festige. De Noard-Fietnameeske regearing stie oan op útfiering fan de yn de ''Geneefske akkoarden'' bepaalde ferkiezings, sadat Fietnam wer ferienige wurde koe. Troch Ngo Dinh Diem waarden de Noardfietnameeske foarstellen lykwols hieltyd ôfwiisd ûnder it mom dat frije ferkiezings yn it noarden ûnder de kommunisten net mooglik wie.
Rigel 16:
Tusken [[1965]] en [[1968]] waard de Amerikaanske oanwêzigens hieltyd fierder opboud en begûn de kriich oare foarmen oan te nimmen. Behalve offinsive bombardeminten moasten de hieltyd swierder wurdende oanfallen fan de Fietkong tsjin hâlden wurde. Dêrfoar moast it oantal soldaten noch fierder útwreide wurden. It tal rûn op oant 536.000 troepen yn 1968. Wienen de Amerikaanske slachtoffers yn 1965 noch mar 636, dat oantal wie yn 1968 oprûn ta goed 30.600 Amerikaanske deaden. De Amerikaanske media wie ynearsten posityf west oer de Fietnamkriich, mar rûn 1966 en 1967 begûn sy in krityske toan oan te slaan, doe't sy yn de gaten krigen dat de kriich eskalearre. Meardere kranten en de grutte tv-senders begûn fragen te stellen oer de Fietnam-polityk. Dêrneist waard harren berjochtjouwing hieltyd minder naukeurich, wêrtroch de yndruk waard wekt dat Amerikaanske soldaten grouwélige moarden pligen, en gjin oerwinnings mear behelle koenen, en dat Amearika yn hopeleaze kriich fersyld rekke wie. It publyk reageare ûntset op it grutte tal deaden en wûnen. Hieltyd gruttere oantallen manlju wegeren yn militêre tsjinst te gean. Dêrtroch waard de Amerikaanske regearing twongen om mear minsken, fral earmen en swarten sûnder konneksjes, yn tsjinst te gean; de riken koenen makliker de tsjinst ûntrinnen. Dat sette in soad kwea bloed. Tusken 1967 en 1971 stige it persintaazje minsken dat tsjinst wegere op morele grûn fan 8% nei 43%.
 
De resultaten wienen min en ein 1968 begûn it saneamde [[Tet-offinsyf]] fan de NLF en Noardfietnameeske troepen op de ferneamste stêden en bases yn Súd-Fietnam. De Amerikaanske ferliessifers rûnen op. It Tet-offinsyf soe it kearpunt yn de kriich wurde. Foar dat offinsyf foarfoel hienen de Amerikanen it idee dat in oerwinning op de Noardfietnamezen mooglik wie, dêrnei waard allinnich noch mar neitocht op hokker wize weromlûken sûnder gesichtsferlies mooglik wie. Het Tet Offinsyf makke in ein oan de eskalaasje fan de Fietnamkriich en foarme it begjin fan de besikings fan Amearika om har werom te loken út de kriich. Presidint Johnson ferkleare dat hy ree wie om fredesbesprekkings te hâlden mei de Fietkong en dat er him net wer ferkiesber stelle soe foar de presidintsferkiezings fan dat jier.
 
[[Ofbyld:Vietnam peace agreement signing.jpg|thumb|right|250px|Undertekening fan it fredesakkoard yn Parys]]
Rigel 25:
 
== Neisleep ==
Yn Noard-Fietnam begûn de regearing-Pham Fan Dong, neidat de frede sletten wie, oan de weropbou fan it lân. De Súdfietnameeske presidint [[Thieu]], dy't him allinnich tanksij Amerikaanske finansjele stipe hanthavenje koe, negeare lykwols de ''Paryske akkoarden'' en wegere oer te gean ta it frijlitten fan de politike finzenen en meiwurking te jaan by it ta stân kommen fan frije ferkiezings, in nij parlemint en in koalysjeregearing. De striid tusken de regearing fan Thieu en de Fietkong gie dan ek troch. Yn de maaitiid fan 1975 twong in grutskipske oanfal troch de Fietkong, mei stipe fan Noard-Fietnam, Thieu ta it oerjaan fan it Sintrale Heechlân, itjinge dat late ta de ynstoarting fan de Súdfietnameeske definsje. Op 30 april naam de Fietkong de macht oer yn [[Saigon]] wêrmei in ein kaam oan de boargeroarloch.
 
== Keppeling om utens ==
Rigel 48:
[[bs:Vijetnamski rat]]
[[ca:Guerra del Vietnam]]
[[cy:Rhyfel Fiet NamFietnam]]
[[cs:Válka ve Vietnamu]]
[[da:Vietnamkrigen]]