Kultuerhistoarysk Sintrum de Sûkerei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Oanrin: begjintsje , straks mear
Rigel 8:
Yn de [[18e ieu]] waard ûntdekt dat de woartel fan de [[sûkerei]]plant brûkt wurde koe om in surrogaat foar kofje te meitsjen. Troch ynternasjonale ferwikkelingen en oarloggen waard de ymport van kofje om 1800 behindere en waard de kofje djoer. Rûnom yn Nederlân ferriisden doe sûkereifabriken. Yn [[Dantumadiel]], eartiids de grutste produsint fan sûkerei, stienen destiids tsjientallen sûkereifabriken. Elk doarp yn dizze gemeente hie wol in spesifike relaasje mei de sûkerei. Allinnich al yn [[Wâlterswâld]] stienen al trije sûkereidroegerijen. De blauwe blom fan de sûkereiplant is werom te finen yn it doarpswapen en op de flagge fan [[Wâlterswâld]]. Yn Wâlterswâld stiet ek in monumint as oantinken oan it ferbouwen fan sûkerei.
It sûkereifabryk op it museumterrein 'De Sûkerei' fan it museum stie ten suden fan de [[Falomster Feart]] yn De Falom, tichtby de brêge. Begjin 2005 is it fabryk sloopt, wêrby't de materialen yn in seekontener opslein waarden. Fan 2006-2008 is it fabryk rekonstruearre en wurdt tsjintwurdich brûkt as de entree fan it museumkompleks.
== Sûkerei yn Dantumadiel ==
 
Al fier foardat yn Europa kofje bekend wie, waarden al drankjes fan de woartel fan de sûuereiplant makke. Oan sûkerei wurst in genêzende wurking taskreaun “Het reinigt de lichaamssappen en je voelt je er prettiger door", seit de reklame fan de [[19e ieu]]. Yn de achttjinde ieu waard de ferbou en it droegjen fan sûkerei troch dûmny [[J.H.Nienwold]] nei Fryslân hell. Yn de fjirde Ingelske Oarloch (1781 - 1784) en dêrnei yn de Frânse periode (1795 tot 1813) wurdt der net folle kofje ynfierd en wurdt de kofje djoer. De fraach nei peekofje rint op en der wurdt hieltiten mear sûkerei ferboud.
 
== Museumkompleks ==