Kompjûterprogramma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
In '''programma''' befettet koartsein alle opdrachten, skreaun yn in programmear-/kompjûtertaal, dy't nedich binne om de kompjûter ta hanneljen oan te setten. No kin de masine gjin taal útinoar hâlde mar wol koaden en dêrom binne alle opdrachten oerset yn de bypassende nul-/ienkoaden. De [[ferwurkingsienheid]] lêst dy nul-/ienkoaden yn ien lange rige efterinoar. Dat soe in kilometerlang ferhaal wurde en dêrfandinne is sa'n rige opdield yn ien of mear [[triem|triem(men)]]. De programmeartaal soarget derfoar dat dy triemmen ûnderling ferbûn of loskeppele wurde.
 
Sa kinne jo yn de iene triem alle koaden bewarje dy't nedich binnefoar de opbou fan in [[triem|byld]] op it skerm en yn in oare triem de koaden foar de bestjoering fan it [[fêste skiif|skiifstasjon]]. Mar de kompjûter docht neat wat net yn nul-/ienkoaden oanlevere wurdt. No ja, fêstrinne miskien.