Annalen fan Ulster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 22:
'''De Wytsingen yn Ierlân'''
 
De Annalen fan Ulster jouwe in soad ynformaasje oer de ynvaazjes fan de [[Wytsingen]] yn Ierlân en wat dêr út soarte barde; foarfallen dy't ek neamd wurdenwaarden yn oare histoaryske Ierske wurken sa as de [[Cogadh Gaedhel re Gallaibh]]. De Annalen fan Ulster ferslagge de Wytsinge-ynvaazjes fan ien jier nei de oanfal op [[Lindisfarne]] yn [[793]] ôf, dy't yn it generaal as it begjin fan de Wytsingetiid beskôge wurdt en teffens behannele wurdt yn de [[Angelsaksyske Kronyk]].
 
Hoewol't de Wytsingen yn de annalen as heidenen delset wurde, hawwe de annalen ek omtinken foar it skeel tusken de Ieren ûnder elkoar, en faak wurdt beskreaun hoe't de frjemdlingen bûnsgenoaten binne fan ferskate Ierske partijen. It byld dat fan de fjochterijen sketst wurdt is net iensidich. Guon Ieren wurde beskuldige fan deselde soarte militêre praktiken as de Wytsingen.
 
De Annalen fan Ulster ferhelje fan ferskate fjildslaggen fan de Wytsingen, mei de dêrby belutsen persoanen.