Kiribaty: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Movses-bot (oerlis | bydragen)
L r2.6.2) (Bot - derby: ilo:Kiribati
artikel wat oanfolle, -stobbe
Rigel 42:
Kiribaty bestiet út yn totaal 33 [[atol]]len en ien [[eilân]] (Banaba),, ferspraat oer in gebiet 5 miloen km2 yn de [[Stille Oseaan]]. Troch de tine boaiemlaach komt der útsein kokos- en skroefpalmen net folle fegetaasje foar. Meastepart fan dizze eilannen lizze mar 2 meter boppe seenivo.
 
Op it eilân Banana leit it heechste punt fan it lân op 81 meter boppe de seespegel.
 
Oant 1995 waard it lân yn twaen snien troch de ynternasjonale datumline. Fanút praktysk eachpunt waard doe keazen om hiel Kiribaty de datum westlik fan de grins te jaan. Dêrtroch is de datumgrins mei goed 3000 kilometer ferskowen. Kiribaty is it ienige lân fan de wrâld dat sawol op it noardlik, súdlik, eastlik as westlike healrûn leit.
 
== Skiednis ==
De Jeropeanen hawwe yn de 17e ieu de [[Gilberteilannen]] ûntdekke. (De namme 'Gilberteilannen' waard yn [[1820]] yntrodusearre, doe [[Adam Johann von Krusenstern]], in [[Ruslân|Russysk]] [[admiraal]] de eilannen dy namme joech). Rûn [[1800]] festigen har (slaven)hannelers op de eilannen en de [[Gilberteilannen]] en de [[Ellice eilannen]] waarden yn [[1892]] ta [[Feriene Keninryk|Britsk]] [[protektoraat]] ferkleare. De omlizzgende eilannen waarden tusken 1892 en [[1916]] troch de Britten kolonisearre.
 
Under de [[Twadde Wrâldkriich]] hawwe de eilannen troch de [[Japan]]ners beset west. Yn de kriich waard fûleindich om de eilannen fjochtsje.
 
Yn [[jannearis]] [[1972]] krige de eilannen beheind selsbestjoer en waarden regeare troch [[Reuben K. Uatioa]]. Twa jier letter waard [[Naboua Ratieta]] Chief Minister. Yn [[1975]] hawwe de [[Ellice-eilannen]] har fan de [[Gilberteilannen]] ôfskieden en waard in selsstannich lân ûnder de namme [[Tuvalu]]. De Gilberteilannen ferkrige [[autonomy]] yn [[1977]].
 
== Demografy ==