Marije Louise fan Hessen-Kassel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 29:
 
== Regintesse (1759-1765) ==
Yn oktober 1750 kaam se foar it lêst by har soan op [[Paleis It Loo|paleis it Loo]]. Doe't Willem IV yn 1751 ferstoar, wie syn soan [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem V]] noch mar trije jier âld. Ek Willem V syn suske Carolina wie doe noch minderjierrich. De mear as santichjierrige Marijke Muoi naam it regintskip oer fan har skoandochter, [[Anna fan Hannover]], dy't yn [[1759]] ferstoar. Har gesondheidsûnens wie yn dizze jierren al lange tiid swakmin. Hja moast yn dit twadde regintskip gearwurkje mei de [[Loadewyk Ernst fan Brunswyk-Lüneburg-Bevern|hartoch fan Brunswyk]], dy't as foud oer har beppesizzers oansteld wie. Dit regintskip late ta konflikten mei har beppesizzer Carolina, dy't in oandiel yn de foudijskip fan har broer wold hie. Meardere kearen reizge se fan Ljouwert nei De Haach om op te kommen foar de belangen fan har neiteam. Doe't Willem yn 1765 santjin jier waard, besocht de anti-Brunswykgroep yn Fryslân om de jonge prins folwoeksen te ferklearjen en him ta steedhâlder te ferheffen. Maria LoouiseLouise hat grif net begreopenbegrepen dat dizze aksje rjochte wie tsjin Brunswijk, want se beskôge it foarstel as in mkoasje fan wantrouwen tsjin harsels. Nei har fûle reaksje waard it foarstel ynlutsen.
 
In lichte beroerte makke dat se de macht oer har rjochterhân ferlear. Op [[Palmsnein|palmpeaske]] 1765 wie se noch oanwêzich yn de [[Grutte of Jacobinertsjerke|Grutte Tsjerke]] fan Ljouwert, wêrnei't se by it ferlitten fan de tsjerke safolle mooglik tsjerkegongers mei neidruk goedendei knikt. Op peaskesneon waard de âlde Marie Louise siik. Se woe net hawwe dat har sykte útlekte, omdat dan Peaske foar de minsken bedoarn wêze soe. Op twadde peaskedei, [[9 april]] 1765 sliepte se wurch yn. Se wie 77 jier oud. Inkele wiken letter waard se bysetten yn de boppegrûnske kapel fan de [[Grêfkelder fan de Fryske Nassau's]] yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert, 54 jier neidat har man ferstoan wie.