Starum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: oanfolling fan de Starumer webstee
Rigel 31:
== Skiednis ==
De stêd wurdt yn de earste boarnen ''Staveren'' en soms ''Staveron'' neamd. Dy namme betsjut wierskynlik safolle as " by de Staven, de Peallen, de Beskoaiing" en dat wiist op in havenplak.
It âlde Starum ûntstie op in knooppunt fan wetter- en lânwegen. It lei oan in rivierke dat yn it [[Fly]] útrûn. It Fly wie in brede slinke, dy't de ferbining foasrme tusken de Flevomar en de Noardsee. Ien fan de âldste lânwegen fan it Dútske Ryk rûn oer Coevorden en Stienwyk nei Starum en dêrwei fierder oer it wetter nei Medemblik. Wa't oer dize wei reizge, moast by Starum dus oer it Fly setten wurde. Skippen út Utert fardn troch de Vecht, fia de Flevomar en it Fly nei de Noardsee en kamen ek lâns Starum, Sa koenen se Fryslân ynfarre. Dit hat grif ek de rûte west dy't Bonifatius yn 754 fanút Utert nei Dokkum folge hat.
 
Troch it drokke ferkear fan de haven yn de rjochting fan Stienwyk en Koevorden stifte de muonts [[Odulf|Odulfus]] hjir in kleaster. Hy wie stjoerd troch de biskop fan Utert om de Friezen te bekearen ta kristen. Odulfus kaam fia de Fecht, de Flevomar en It Fly by de kust en foer troch oant Starum en fêstige hjir yn [[837]] it Odulfuskleaster.
 
Starum krige as earste fan de [[Fryske stêden| Fryske âlve stêden]] stedsrjocht. DeYn stêdde istwadde alhelte omfan itde jieralfde 900ieu hinneregearde ûntstien,in byDútske ingrevenfamylje wetterkeyn Fryslân. Se krigen de namme Brunoanen nei harren stamfaar, dêrdy't noBruno dehjitte. [[Delft]]Greve nochEgbert, fanek oerin istelch út dizze famylje fan Brunonen, enferliende krigeStarum al yn [[1118]]in [[stedsrjocht1061]]en fanstedsrjochten, dy't de Dútske keizer [[Hindrik V fan it Hillige Roomske Ryk|Hindrik V]] yn 1118 bekrêftige. It wie in hannelsstêd fan belang, mei hannel oant yn [[Ingelân]] en [[Sweden]] ta. De [[grutskipper|grutskippers]] en keaplju underhâlden in soad hannelsrelaasjes mei de lannen om de Eastsee. Troch de útfining fan in nij type skip, de [[kogge]] ûntwikkele dy hannel him nei 1100 omraak.
 
Yn [[1385]] waard Starum lid fan de [[Hânze]]. De skippers fan Starum hienen by passaazje fan de [[Sont]] in âld foarrjocht; by de [[Sonttol|tolheffing]] waard harren foarrang ferliend wat it soad tiidwinst oplevere. By de Eastseehannel spile de Amsterdamske haven in belangrike rol. Hollân wie mei in hurd groeiende befolking foar de fiedselfoarsjenning oanwiisd op nôtymporten út de Eastseelannen. De skippers út Fryslân wienen foar Hollân dêrom fan libbensbelang. By oarloggen tusken Hollân en Fryslân keas Starum dan ek geregeld partij foar Hollân. Mar net by de [[Slach by Warns]] dy 't ek wol oantsjutten wurdt as de '''Slach by Starum'''.