Anne Tjerk Popkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Anne Popkema 129 z.jpg|thumb|''Anne Popkema mei 'De Hobbit'']]
'''Anne Tjerk Popkema''', ( [[Burgum]], [[1975]] ), is in skriuwer, oersetter en [[Frysk]] taalûndersiker.
Is hikke en tein yn Burgum en gie nei it kristlik gymnasium ( no Beyers Naudé) yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Is hikke en tein yn Burgum en gie nei it kristlik gymnasium ( no Beyers Naudé) yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ferhuze yn 1994 nei [[Grins (stêd)|Grins]] en studearre dêr Frysk. Siet by de Fryske studinteferiening FFJ Bernlef. Nei in jier oan de learareoplieding Frysk en Nederlânsk oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert begûn er yn 1998 oan in stúdzje Frysk oan de [[Ryksuniversiteit Grins]]. Studearre yn [[2002]] ôf yn de rjochting Midsieusk Frysk en Taalskiednis. Krige de skripsjepriis fan de Fryske Akademy foar syn skripsje oer hoe't yn it Aldfrysk it begryp ´wei´ oantsjutten waard.
 
Wurke tusken 2002-2004 foar de Fryske Akademy, oan it earste boek dat yn it Frysk printe is, de [[Alde Druk]], út 1484-1487. Yn 2004 - 2008 foltôge er by it Fach friesische Philologie (de Nordfriesische Wörterbuchstelle) fan de Christian-Albrechts-Universität yn Kiel it ''Altfriesisches Handwörterbuch'' (2008). Hofmann, de oarspronklkike bewurker, ferstoar yn 1998 doe't it boek oant de letter S klear lei. Popkema makke it wurk fierder dien. Skreau wittenskiplike artikels oer aspekten fan it Aldfrysk, leksikografy en de skiednis fan it Frysk.