Sealtsjerke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Zaalkerk
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
]]
Rigel 3:
In '''sealtsjerke''' is in [[rjochthoek]]ich tsjerkegebou dat ienboekich ofwol [[skip (boukeunst)|ienskippich]] is. Faak waard in rûne nis, de [[Apsis (arsjitektuer)|apsis]] neamd, oanbrocht, dêr't it [[Alter (religy)|alter]] stie. Yn de [[romano-gotyk]] wie de alterromte meastal rjocht wylst dy yn de [[goatyk]] mearhoekich is.
 
In foarbyld fan in sealtsjerkei is de [[Terptsjerke]] yn [[Akkrum]].
 
De protestantske earetsjinst, dy't yn de rin fan de 16e ieu opkaam, hie ferlet fan sealtsjerken omdat hjirby de preek sintraal stie en dus de sichtberheid fan de dûmny fan grut belang wie. In soad iere protestantse tsjerken, lykas dy yn [[IJzendijke]], binne as sealtsjerke útfierd. Ek nei de [[Frânske tiid]], doe't der in soad [[wettersteatstsjerke]]en foar de Herfoarmden boud waarden, waarden dy as sealtsjerke boud. Sokke tsjerkjes komme út de earste helte fan de 19e ieu. In foarbyld is it ''Van Goghtsjerkje'' yn [[Nuenen]].