Transfaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
L lytse oanpassings
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 6:
Tusken de jierren [[1830]] en [[1850]] foelen ôfstammelingen fan [[Nederlân]]ske kolonisten, de saneamde [[Boeren]], it gebiet binnen nei harren [[Grutte Trek]]. Dizze [[Foartrekkers]] flechten út de Britske [[Kaapkoloanje]], en oerwûnen de oarspronklike stammen sûnder muoite, tank sij harren superieure militêre technology. De Boeren stiften yn dizze gebieten ferskillende boererepubliken.
 
Op [[17 jannewaris]] [[1852]] erkende it [[Feriene Keninkryk]] de ûnôfhinklikheid fan it gebiet benoarden de [[FaalVaal]], it saneamde ''TransfaalTransvaal''. Yn [[1856]] werneamden de Boeren harren lantsje de [[Súd-Afrikaanske Republyk]], en in nije, rasistyske grûnwet waard opsteld.
 
Yn [[1877]] hie de republyk te kampen mei ekonomyske problemen en oanfallen fan [[Soeloe (etnysk)|Soeloes]]. It Feriene Keninkryk anneksearre TransfaalTransvaal, sabeare om de Boeren te "rêden". De Boeren seagen de ynfal lykwols terjocht as in oarlochsferklearring, wat liede ta de earste [[Boere-oarloch]]. De [[Pretoriakonvinsje]] fan [[1881]] joech it gebiet it rjocht om himsels te regearen, ûnder de Britske flagge. Yn [[1884]] krige de republyk syn ûnôfhinklikheid werom. Al rillegau waard lykwols [[goud]] ûntdekt yn [[Wytwettersrâne]] ([[1885]]), wêrtroch't ôfgryslike protten nije kolonisten (de saneamde ''[[útlanners]]'') it gebiet binnenlutsen. Yn [[1895]] plande de premier fan de Kaapkoloanje, [[Cecil Rhodes]], in steatsgreep tsjin it TransfaalskeTransvaalske regear. Mar dizze [[Jameson Raid]] waard lykwols in fiasko. Der ûntstienen al gau geroften dat [[Dútslân]] de boere-republyk stypje soe, wat de Britten ferûntrêste. Út eangst foar Britske anneksaasje foelen de Boeren de Britten oan yn [[1899]]. De Twadde [[Boere-oarloch]] wie útbrutsen, dy't de Boeren úteinlik ferlieze soenen.
 
Yn maaie [[1902]] joegen de lêste Boeren har oer en TransfaalTransvaal waard tegearre mei de [[Oranje Frijsteat]] diel fan it [[Britske Ryk]]. Yn [[1910]] waard TransfaalTransvaal in provinsje fan de nije [[Uny fan Súd-Afrika]], in Britsk [[dominion]]. Yn [[1961]] stapte de uny út it [[Britske Gemienebest]] en waard de [[Republyk fan Súd-Afrika]].
 
Yn [[1994]], nei de earste algemiene ferkiezings fan Súd-Afrika, waarden de eardere provinsjes herfoarme en waard de provinsje ôfskaft.
 
Stêden yn TransfaalTransvaal:
* [[Heidelberg]]
* [[Johannesburg]]