Hallum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Keppeling om utens: terpopgraving
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
[[Ofbyld:Stinzen om Hijum,Hallum en Marrum.jpg|right|thumb|''Yn de omjouwing fan Hallum is dúdlik dat it kleastergoed fan Mariëngaarde en Nazareth en de stinslokaasjes elkoar oanfolje''.]]
[[Ofbyld:Hallum Sloterdijkhûs 1723 Stellingwerf.jpg|thumb|''Sloterdijkhûs (1723)'']]
'''Hallum''' hat altyd in wichtich doarp west en is it grutste doarp fan [[Ferwerderadiel]]. Yn [[1744]] wie it ynwennertal 1009. No leit dat om de 2747 hinne (02-06-2008). DitDat komt ek om't Hallum in protte Hallumers harren wurk earne oars hawwe. De Ljouwerterdyk jout in goede ferbining mei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
Op it terrein fan de ferdwûne koek- en banketfabriek fan Hellema komt it plan Hof van Hallum. Yn de eardere mingerij/foarmerij en de direksjewente fan it fabryk sil in bakkerijmuseum anneks teeskinkerij "It Hellemahûs" komme.
 
== Namme ==
Ien ferklearring kin wêze dat Hallum (yn de âlde stavering Hâllum) betsjut ''doarp op de hichte''. DitDat soe dan ôflaat wêze fan it Aldfryske wurdt ''havilla'' of ''hal'' dat ''hichte'' betsjut. In oare ferklearring soe wêze kinne: ''It hiem fan Halle''. Der is ek noch it âlde wurd hal, dat hillich betsjut. Wer in oare ferklearring is dat Hallum eins it hiem fan de goadin Hal, Hel, Holda of Hollier betsjutte soe. Der wurdt troch guon ek oan in oare betsjutting fan hal tocht. Hal, hal of health soe dan hoeke of skûlplak betsjutte kinne.
 
== It ûntstean fan it doarp ==
Rigel 28:
 
== Yndustry ==
Om [[1800]] hinne wurde der 8 [[sûkerei]]fabriken neamd. Hallum wurdt no ek wol it bakkersdoarp neamd. Der stiet in banketfabryk en in fabryk, wêrdêr't bakken makke wurde. Fierders is der noch in metaalfabryk, dat begûn is as ûnderstypjend foar de suvelfabriken.
 
== De States ==
Rigel 34:
Om Hallum hinne leinen alear in protte staten. De wichtichste wie [[Goslingastate (Hallum)|Goslingastate]]. Dy wie 2½ bunder grut. Nei de Goslinga's is it oergien nei de Roorda's. Dy waarden wer opfolge troch de Burmania's. Yn 'e rin fan de tiid is der in pleats foar yn 't plak kommen.
 
In oare state wie [[Sythiemastate|Sytsjemastate]]. DizzeDy wurdt yn [[1307]] al neamd as wenplak fan Oene Sytsjema, [[grytman]] fan Ferwerderadiel. Letter binne dêr de Burmania's kommen. Sytsjemastate is yn 1898 ôfbrutsen. Tsjin [[Hijum]] oan lei [[Ondersmastate]], better bekend as it Hûs fan Berou. Yn de [[16e ieu]] is hjirdêr in nije state boud. Yn 1800 wie dy al wer ôfbrutsen. Dan wienen der noch [[Feitsmastate (Hallum)|Feitsmastate]] en [[Jayemastate]]. Op Jajemastate hat Schelte Jajema wenne. Hy is yn [[1228]] omkommen yn in gefjocht. De nammen fan de staten wurde yn ‘t ûnthâld holden troch strjitnammen.
== Tsjerken ==
=== De kleasters ===