Fryske dracht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: De Fryske dracht is de klaaiïnge fan boer(inn)en yn Fryslân om 1860 hinne. De dracht wurdt noch wol brûkt by folkloristyske aktiviteiten as folksdûnjen, ringriden, de [[Heamiel...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling
Rigel 1:
De '''Fryske dracht''' is de klaaiïnge fan boer(inn)en yn Fryslân om [[1860]] hinne, in tiid fan wolfeart foar de fryske boeren troch de eksport fan bûter en tsiis nei ûnder oare Ingelân. De dracht wurdt noch wol brûkt by folkloristyske aktiviteiten as folksdûnjen, ringriden, de [[Heamieldagen]] en in boerebrulloft.
 
Boerinnen en boargerfroulju folgen yn grutte linen de moade dy't fan de measte oare plakken yn [[Europa]]. Friezinnen folgen it silhûet fan de ynternasjionale moade, sa't dy yn aadlike fermiddens droegen waard: fan de hege taille út de Napoleontyske tiid oant en mei it moadebyld ûnder it bewâld fan keninginne Victoria fan Ingelân. De dracht yn [[Drinte]] en [[Grinslân]] wie net folle oars as de Fryske. Hylpen hat in eigen dracht. Yn Grinslân is de dracht al ein [[19e ieu]] ferdwûn, yn Fryslân en Drinte barde soks pas nei de [[Twadde Wrâldoarloch]]. Op it lêst noch in pronkstik foar âldere froulju.
 
Boerinnen en boargerfroulju folgen yn grutte linen de moade dy't fan de measte oare plakken yn [[Europa]]. De dracht yn [[Drinte]] en [[Grinslân]] wie net folle oars as de Fryske. Hylpen hat in eigen dracht. Yn Grinslân is de dracht al ein [[19e ieu]] ferdwûn, yn Fryslân en Drinte barde soks pas nei de [[Twadde Wrâldoarloch]]. Op it lêst noch in pronkstik foar âldere froulju.
== Froulju ==
Streekbûn oan de dracht wiene benammen it [[earizer]] en de mûtse, dy't yn de noardlike provinsjes droegen waarden. Ynearsten wie it in metalen bantsje om it hier fêst te hâlden. Yn de rin fan de 19e ieu waarden de earizers hieltiten grutter, oant se om 1870 de foarm fan in soarte helm hienen dy't hast oer de hiele holle foel. It earizer koe fan goud, sulver of koper makke wêze (hjir leit de oarsprong fan de siswize: "it is net alles goud wat der blinket"), ôfhinklik fan it budzjet fan de draachster. Oan wjerskanten boppe de slippen wie it earizer fersierd mei twa gouden "stiften" yn filigraanwurk. Oan de úteinen hat ít izer' grutte bewurke knoppen, faak beset mei ien of mear ôfbyldingmanten. Under it earizer waarden twa mûtskes droegen, in witen en in swarten-ien. Oer it earizer waard in kanten floddermûtse droegen.<br>