Fryske dracht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
tas en chatelaine
Rigel 6:
Streekbûn oan de dracht wiene benammen it [[earizer]] en de mûtse, dy't yn de noardlike provinsjes droegen waarden. Ynearsten wie it in metalen bantsje om it hier fêst te hâlden. Yn de rin fan de 19e ieu waarden de earizers hieltiten grutter, oant se om 1870 de foarm fan in soarte helm hienen dy't hast oer de hiele holle foel. It earizer koe fan goud, sulver of koper makke wêze (hjir leit de oarsprong fan de siswize: "it is net alles goud wat der blinket"), ôfhinklik fan it budzjet fan de draachster. Oan wjerskanten boppe de slippen wie it earizer fersierd mei twa gouden "stiften" yn filigraanwurk. Oan de úteinen hat ít izer' grutte bewurke knoppen, faak beset mei ien of mear ôfbyldingmanten. Under it earizer waarden twa mûtskes droegen, in witen en in swarten-ien. Oer it earizer waard in kanten floddermûtse droegen.<br>
By de Fryske dracht waarden in soad gouden en sulveren sieraden brûkt. Dy wienen yn de lette midsieuwen al yn hiel West-Europa ferneamd; de edelsmeikeunst stie op in heech peil. De klean fan Drinte en Grinslân hie in soad oerienkomsten, al wie yn Drinte, eartiids in earme provinsje, de dracht wol ienfâldiger.
De froulju droegen in lang wiid jak, in rok fan side, dy't ferskillende kleuren hawwe koe. Dêroer in doek en skelk fan fine kant. De dracht wie kompleets as der ek sieraden en in sulveren chatelaine en bûgeltas by droegen waarden.
 
== Manlju ==