Gea Struiksma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
'''Gea Struiksma''' is in teatermakster út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Gea Struiksma is berne yn 1962 yn'e Arendsstrjitte te Ljouwert mei it sicht op Schouwburg de Harmonie.
Gea makke nei de Pedagogyske Akademy tusken [[1984]] en [[1991]] diel út fan jeugdteatergroep Finnisj en spile - neidat dy groep dêryn opgien wie- trije kear in gastrol by [[Tryater]].<br>
Fan 1994 - 2000 is se trainingsakteur by KISS Communicatie en akteur by Pepper & Co (1990-1995).
Yn 1991/1992 folget se in twajierrige tonieloplieding yn Nijmegen. Yn dy tiid hat se ek sjonglessen en logopedie.
Mei de à-capella groep De Stembent komt se yn 1999 op in dielt twadde plak (mei Twarres) op it Fryske sjongfestival Liet.
 
Yn 1997 rjochtet Gea Struiksma mei Jan-Dirk van Ravesteijn [[Acta Teaterproduksjes]] op. Yn gearwurking mei ytcafé Spinoza wurdt Theaterrestaurant Descartes oprjochte. Nei fiif jier groeie se út it lytse sealtsje en waard "De Koperen Tún" de nije spyllokaasje. Ek spylje se op ferskate oare plakken yn en bûten de provinsje.
Yn 1997 rjochtet Gea Struiksma mei Jan-Dirk van Ravensteijn [[Acta Teaterproduksjes]] op. Jan-Dirk spile ea koarte tiid yn de troch Frank Sanders regisearre musical ''Assasins''. Hy wurke twa jier as teaterober yn It Wiid yn [[Earnewâld]], sy seis jier. Gea is bûten it aktearwurk ferantwurdlik foar de boekings en organisaasje. Van Ravensteijn is neist de akteurs de skriuwer en komponist fan de produksjes. Fjouwer jûnen yn de wike trede se op yn harren eigen teaterrestaurant Descartes, boppe ytkafee Spinoza. De produksje "Captain Dinner" waard al 350 kear spile, oare produksjes mear as twahûndert kear. Nei fiif jier waard "De Koperen Tún" de nije spyllokaasje. Gea waard benammen bekend as de grappige aktrise út de musicals en acts fan it selskip [[Acta Teaterproduksjes|Acta Theater]]. Acta Teater wurket fanút de [[Blokhûspoarte]]. As frontfrou sjongt Gea Struiksma - de Roos by de band Crocodile Smile.
Acta Teater hâld sûnt 2009 kantoar fanút de [[Blokhûspoarte]].
Sûnt 2011 lied Gea Struiksma Acta as eenmanszaak.
 
As twadde sjongeres sjongt Gea Struiksma neist har gitaarspyljende man Guido de Roos yn de funky band Crocodile Smile.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=