Eeltsje Hettinga: ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
No edit summary
Hettinga debutearre yn [[1977]] as dichter yn it literêre tydskrift [[Trotwaer]], in tydskrift wêryn't hy jierrenlang publisearje soe, krektas yn ûnder oare it blêd [[Hjir]]. Foar fjouwer fan syn fersen waard hy ûnderskieden mei in [[Rely Jorritsmapriis]] (yn 1988, 1991, 1994 en 1997). Ek waard in fers fan him opnomd yn de blomlêzing ''Spegel fan de Frysk poëzij fan de [[17e ieu]] oant hjoed'' (1994) fan [[Teake Oppewal]] en [[Pier Boorsma]]. Pas yn 1998 kaam lykwols syn earste dichtbondel út, ''Akten fan winter'', wêrfoar't him in jier letter de [[Fedde Schurerpriis]] takend waard. ''Akten fan winter'' waard troch kritisy goed ûntfongen, benammen om de sterke ienheid fan foarm, taal en tematyk. Ek Hettinga's twadde dichtbondel ''Dwingehôf'' (2000) krige positive resinsjes: [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]] fûn it ien fan de grutte dichterlike prestaasjes yn it neioarlochske Fryslân. De Vries beskriuwde yn syn resinsje Hettinga's tematyk as ''"in persoanlike mytology fan ferline, oantinkens en dea"''.
 
Tegearre mei de taalkundige/dichter [[Eric Hoekstra]] publisearre Hettinga yn 2002 ûnder it [[pseudonym]] ''Hu-Thung-song'' in bondel gedichten yn Sineeske styl, ''Yn 'e fal fan 'e jûn''. Hettinga, troch sommigen wol beskôge as it ''enfant terrible'' fan de Fryske literatuer, sei oer dizze bondel: ''"Literatuer is foar in part ek in grap. Sels josels moatte jo sa no en dan foar skutgek sette"''.
 
Yn 2006 ferskynde Hettinga's tredde bondel, ''Apreos'', wêryn't hy him ynspirearje liet troch keunstners as [[Edward Hopper]], [[Elmar Kuiper]] en benammen troch de Grinzer skilder [[Siep van den Berg]].
Anonime meidogger