Freark fan Hallum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L stift
Theun (oerlis | bydragen)
L ferwizings
Rigel 9:
De gelegenheid krige er doe’t syn mem ferstoar en hy syn bernepart brûke koe om mei de bou fan in kleaster te begjinnen. It kleaster krige de namme "Mariëngaarde", ''hôf fan Marije'', en yn [[1163]] koe it ynwijd wurde.
 
Der wie wat oan foarôf gien want de Utertske biskop, dy’t doe oan it bewâld wie, fielde eins neat foar in twadde norbertiner kleaster neist dan fan [[Dokkum]]. Freark krige dan ek de rie om oerienstimming te krijen mei it Bernardynske [[kleaster Klaarkamp]]. Dat mislearre, want Freark fielde net folle foar de opfettings fan de [[Bernardynen]].
 
Kleaster Mariëngaard waard ynearsten in dûbelkleaster. Letter binne de froulju nei [[Kleaster BethelehemBethlehem]] ([[BartelehiemBartlehiem]]) ferhuze.
Freark is doe werom gien nei Dútslân en slagge dêr. It norbertiner [[kleaster Steinfeld]] woe wol it memmekleaster fan Mariëngaarde wurde. Freark hat noch 12 jier abt fan it troch him stifte kleaster west. Hy waard begroeven yn de kleasterkapel.