Patriottetiid yn Boalsert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 22:
 
== Unrêst yn Boalsert ==
[[Ofbyld:1750 0nder de pilaren.jpg|thumb|left|300px|De [[Tille]] by Easterwierrum ± 1750, mei de herberch, wêrdêr't de trekschuiten fan hynder wiksele]]
Yn de simmer fan [[1787]] lôge it konflikt op, net allinnich omdat de stêd Utert oanfallen waard. Ein maaie waard it de eksersysjegenoatskippen yn Fryslân ferbean om nije wapens oan te skaffen. Studinten en heechleararen yn Frjentsjer waard ferbean oan eksersysjes mei te dwaan. Yn augustus ferbea Provinsjale Steaten, by de driging fan in Prusyske ynfal, Hollân te helpen. In tsiental Fryske steateleden ûnder lieding fan [[Court Lambertus fan Beyma]], de lieder fan de Fryske patriotten, ferskânze him doe yn [[Frjentsjer]]. Yn Boalsert waarden yn de earste wike fan septimber in oantal definsive maatregelen nomd: it stedje is binnen in wike troch de frijwillige skutterij yn steat fan paraatheid brocht. De bolwurken waarden ophege ûnder lieding fan de út [[Siegen]] ôfkomstige skoalmaster H.C. Achenbach, in eks-militêr út it [[Steatske leger]].<ref>Letter troch justysje ''hate fanwege syn bedaarde kriichskunde''.</ref> Der waard 500 gûne liend fan de abbekaat Taco Mesdag om de arbeiders op sneontejûn yn de kroech út te beteljen.
 
Rigel 38:
De sân efterbleaune offisieren fan de frijwillige skutterij en trije boargerkommitearden - earder dy moanne yn sân hasten beneamd om de froedskip te kontrolearjen - waarden yn de nacht fan 1 oktober yn in [[trekskûte]] nei Ljouwert brocht. Under harren wie de menniste fabrikant Wopke Cnoop, dy't yn de finzenis in koart betize deiboek byhold fan wat er mei makke. Troch in misferstân - it wie net dúdlik wa't de kaai hie - fergeat de flechtsjende Van Beyma (of syn sekretaris} ûndertekenen en dus tige belêstende stikken út Frjentsjer wei mei te nimmen. Foar justysje wie it dêrnei "maklik" in sântal patriotten út Boalsert te feroardielen. Cornelis van den Burg krige ien fan de swierste straffen dy't destiids útsprutsen binne. Hy waard ta de dea feroardield fanwege syn radikale demokratyske opfettings. Dochs, blyndoeke en knibbeljend op it skafot waard hy binnen roppen. Hy krige te hearren dat him foar tweintich jier de tagong ta Fryslân ûntsein waard en binnen trije dagen it lân romje moast. De oare finzenen krigen tsien, seis, fjouwer jier ferbanning of in jildboete oplein. Twa finzenen stoaren yn finzenskip troch de ekstreme winter yn [[1788]], dy't al betiid ynfoel. Van den Burg gie nei syn freonen yn Noard-Frankryk. Dêr learden inkele tûzenen patriotten oer de prinsipes fan de [[Frânske Revolúsje]] en wachten oant de kânsen keare soene.
 
Yn jannewaris [[1795]] - by de komst fan it Bataafske legioen - is boargemaster Van Hiemstra ôfsetten. Hy flechte fan [[Oentsjerk]] nei [[Emden]]. Katoliken en mennisten krigen dêrnei mear rjochten en ôffurdigen yn de [[Earste Nasjonale Gearkomst]]. Rûnom yn Nedrl6anNederlân waard de erflikheid fan amten plachtich ôfsward. Ta beslút, yn [[1811]], yn de lêste jeirren fan it Frânske bewâld, waard de ried fan Boalsert dochs noch troch de helt dien en oer de beneamde of keazen [[boargemaster]] binne de mienings noch altyd ferdield.
 
== Brûkte literatuer==