Tachtichjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: el:Ογδοηκονταετής Πόλεμος; tekstwiziging
Rigel 11:
De dêrop foljende set fan de opstannelingen wie it betinken fan it plan om inkele steden te feroveren. Omdat plan te realisearjen stelde Willem fan Oranje him yn ferbining mei de [[Geuzen|wettergeuzen]] en krige ek koart stipe by [[Karel IX]] fan Frankryk. Yn [[1572]] slagge dat plan folslein. Troch de geuzen, Loadewyk fan Nassau en de prins sels waarden in grut tal steden oermastere yn Hollân, Seelân, Fryslân, Gelderlân, Oerisel, Henegouwen en Brabant. Lykwols koenen de opstannelingen harren allinnich hanthavenje yn Hollân en Seelân en kearden de oare gebieten nei koarten werom yn de Spaanske macht. Yn Hollân waard in bestjoer troch de opstannige steden foarme mei de prins as heechste oerheid.
 
Doe't yn [[1576]] de lânfâd [[Luis de Zúñiga y Requesens|Requesens]] - dy't yn 1573 Alva opfolge hie en in evenredich bewâld fierde - hommels ferstoar, kaam it yn de Súdlike Nederlannen ta earnstige ûntefredens. Neidat de Spaanske troepen oproer makke hienen rop de Steaten fan Brabant in gearkomste fan de [[Steaten-Generaal]] byinoar. Underhannelings mei Hollân en Seelân laat ta de ''[[Pasifikaasje fan Gint]]'' wêrby't de frede yn de Nederlannen wersteld waard. Al gau die bliken dat de Spaanske kening, de oertsjûge katoliken, noch de protestanten tefreden wienen mei it resultaat. De Steaten easken fan de nije lânfâd, [[Don Juan fan Eastenryk]] de erkenning fan de Pasifikaasje fan Gint en ferklearen him ferfallen doe't hy de Spaanske troepen werom rop. Dêrnei beneamden sy in eigen lânfâd, [[Matthias]], wylst Willem fan Oranje hieltyd mear ynfloed wûn.
 
== De komst fan Parma ==
Rigel 21:
De help dy't de opstannelingen fan de Frânske kening krige en fan [[Elizabeth I fan Ingelân]] (dy't Leicester mei troepen stjoerde), smiet neat oars op dan nije ûnienigens. De Steaten-Generaal fan de opstannige gewesten erkenden net nochris in frjemde as soeverein foarst. Dermei wie de selsstannigens fan de ''[[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk fan de Feriene Nederlannen]]'' yn [[1588]] in feit wurden. Fanôf dat stuit is de opstân in oarloch tusken de Republyk en de Spaanske monargy.
 
== De oerwinnings fan Maurits en Loadewyk ==
Yn [[1589]] oermastere Parma [[Geertruidenberch]] en it dêrop folgjende jier set it leger fan de Republyk - herfoarme en laat troch prins Maurits, stipe troch in krêftich bestjoer ûnder lieding fan [[Johan fan Oldenbarnevelt]] - útein mei de oanfal en yn in rige oerwinnings waarden tusken [[1590]] en [[1597]] steden en festigings ferovere op de Spanjerts yn Oerisel, Gelderlân, it noardwesten fan Brabant, Drinte, Grinslân en Sieusk-Flaanderen. Allinnich yn it easten behelle [[Spinola]] wat súkses op de Republyk. Lang om let hawwe de fredesûnderhannelings yn [[1609]] laat ta it saneamde ''[[Tolvejierrich bestân]]'' wêrby't de ûnôfhinklikens fan de Republyk troch Spanje erkend waard.
 
Rigel 27:
Doe't de Republyk nei it bestân, û.o. troch de dea fan Van Oldenbarnevelt, ynwindich ferswakke wie, besocht Spanje op 'e nij Noardlike Nederlannen te betwingen. Yn gearwurking mei de katolike Dútske foarsten hannele Spinoza krêftich en súksesfol tsjin Maurits. Brabant waard troch him ferovere en it easten fan Gelderlân. Lykwols makke de opfolger fan Maurits, [[Freark Hindrik fan Oranje Nassau|Freark Hindrik]] in pear jier letter alle oermasteringen fan Spinola ûngedien. Nije fjildtochten fan him rûnen út op de besetting fan oare steden yn Limburch en Brabant. Yn dy tiid foel de Tachtichjierrige oarloch tagelyk mei de [[Tritichjierrige Oarloch]]. Keizerlike troepen kamen de Spanjerts yn de Nederlannen te help en Dútske protestanten krigen stipe fan de Nederlânske gewesten. Nei in skoft langen beide partijen nei frede, dy't nei trije jier fan ûnderhannelings yn [[1648]] ta stân brocht waard.
 
== Keppeling om utens ==
* {{nl}} [http://dutchrevolt.leidenuniv.nl ''De Tachtigjarige Oorlog''], [[Universiteit Leien]]
* {{nl}} [http://home.wish.net/~mgelten/Historie/1568-1648.htm Wichtige foarfallen út de tachtichjierrige oarloch]
* {{nl}} [http://www.militair.net/Oorlogen/Tachtigjarige%20oorlog/ De tachtichjierrige oarloch], Militair.net
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 57:
[[da:Firsårskrigen]]
[[de:Achtzigjähriger Krieg]]
[[el:Ογδοηκονταετής Πόλεμος]]
[[en:Eighty Years' War]]
[[eo:Okdekjara Milito]]