Ruurd Wiersma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 4:
 
== Skilderjen ==
Ruurd is berne op [[20 febrewaris]] [[1904]] yn [[Rinsumageast]] as jongste soan fan in boerefeint. Hy wie molkfarder foar it molkfabykmolkfabryk fan [[Gytsjerk]]. Yn 1965 begûn hy te skilderjen; yn fiif jier tiid makke er fan syn wenkeamer ien panorama, wêrby't wannen, plafond, mar ek de meubels allegear beskildere binne. Mei fytslak hat de fanatike skilder troch syn hiele hûs skilderings oanbrocht. It wurk fan Ruurd Wiersma wurdt rekkene ta de [[naïve skilderkeunst]]. In protte fan syn wurk is ynspirearre troch de natoer; ek makke hy in protte skilderijen mei [[bibel]]ske foarstellings.
 
Yn 1975 wie der in grutte eksposysje fan syn wurk yn it [[Westfrysk Museum]] in [[Hoarn]] en yn desimber 2010 wienen syn bibelske tafrelen ûnder de titel ''De vrolijke bijbel van Ruurd Wiersma'' yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert te sjen.
 
== Dokumintêre ==
Yn 1978 waard Ruurd Wiersma lânlike bekend troch de dokumintêre ''Alle dagen Zondag'' ('Alle dagen snein'), dy't filmmakker [[Marijke Jongbloed]] foar de [[IKON]] makke.