Paulus Potter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: da:Paulus Potter
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: hu:Paulus Potter; tekstwiziging
Rigel 6:
Yn 1646 waard Potter lid fan it Amsterdamske [[Gilde]]. Hy wenne ek in tal jierren yn [[De Haach]] yn in atelier oan de Dunne Bierkade 17, njonken [[Jan van Goyen]]. Potter waard yn 1649 lid fan it pleatslike gilde. Yn De Haach learde hy syn frou kennen, de dochter fan in arsjitekt. Troch syn kreaze foarkommen waard Potter yntrodusearre by de bopperein. Under oaren leden fan it [[Nederlânske monargy|Hûs fan Oranje]] kochten wurk fan him.
 
Yn 1651 fierde it hof lykwols in proses tsjin Potter, omdat hy gjin nij skilderij ôflevere. [[Amalia van Solms]] hie in skilderij kocht mei in "pisjende ko", mar immen rette it har ôf, omdat it ûnderwerp ûnfoechsum wie. Yn 1652 ferfarde Potter nei Amsterdam op útnoeging fan [[Nicolaes Tulp]], die al mear skilderijen fan him hie. Hy joech Potter de opdracht in libbensgrut ruterportret fan syn soan [[Dirck Tulp]] te meitsjen, troch it oerskilderjen fan de holle op in wurk dat earst foar in oar bestimd wie. Potter stoar 28-jier âld oan [[tuberkuloaze]].
 
== Wurk ==
Rigel 12:
Potter hat sa'n 100 [[skilderij]]en neilitten, de measte op lyts formaat. Neist skilderijen makke hy ek in lyts oantal [[ets]]en. Oarspronklik skildere hy histoarjestikken, lykas syn heit. Hy waard lykwols ferneamd as ''bisteskilder'', want hy skildere benammen it [[fee]] yn it Nederlânske [[lânskip]]. Hy skildere realistysk, mei in soad omtinken foar de hûd, de útdrukking en de hâlding fan de bisten. Hy bylde de bisten bytiden ôf fanút in leech stânpunt, wêrtroch't se goed útkamen tsjin de loft. Potters ferneamdste skilderij is ''De bolle'' út 1647. Dit mânske skilderij (2,25 by 3,40 meter) hinget yn it [[Mauritshûs]] yn De Haach. Potter brûkte meardere foarstúdzjes foar dit wurk. It liket oft de bolle út trije ferkillende stânpunten wei skildere is.
 
Neist fee ([[ko|kij]], [[hynder]]s en [[baarch|bargen]] hat hy in [[ienhoarn (fabelbist)|ienhoarn]] skildere, mar ek in [[liuw (bist)|liuw]] en in [[kamiel]]. Dizzze hat er nei alle gedachten sjoen yn in bistetún fan de [[Oranje-Nassau|OranjeOranjes]]s. Der is ek in oantal portretten fan hûnen bekend.
 
== Skilderstyl ==
Rigel 33:
* [http://www.dbnl.org/tekst/kram011leve01_01/kram011leve01_01_0005.htm ''De libbens en wurken fan de Hollânske en Flaamske keunstskilders, byldhouwers, graveurs en boumasters, fan de ierste oant op ús tiid'']
{{commons|Paulus Potter}}
 
[[Kategory:Nederlânsk keunstskilder|Potter]]
 
Line 43 ⟶ 44:
[[fr:Paulus Potter]]
[[gl:Paulus Potter]]
[[hu:Paulus Potter]]
[[it:Paulus Potter]]
[[ja:パウルス・ポッテル]]