One Wall Federation Cup: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
B. (oerlis | bydragen)
2012
Rigel 9:
===2010===
Op de tredde edysje, spile op 13 en 14 novimber yn [[Imperia]] (Itaalje) gie de winst yn it hearetoernoai foar it earst nei Porto Riko (Herman Mendez en Wally Amaro). It sulver wie foar de USA (Willie Polanco, Steve Robalino, Hang Ching-Li en Eddie "Shooter" Ramos), it brûns gie nei Meksiko (Sal Duenas en Samzo Hernandez). By de froulju prolongearre it team út de Feriene Steaten (Maria Rivera, Stephanie Vega, Karen McConney en Alethia Mendez) de titel troch Porto Riko (Maggie Crespo, Michelle Melendez, Cheyleen Cruz en Raquel Murphy) yn de finale te ferslaan. De Nederlânske dames Miranda Scheffer en Harmke Siegersma leine beslach op it brûns.
 
===2012===
De fjirde edysje fan de One Wall Federation Cup is op 20 en 21 oktober spile yn [[Dublin]] ([[Ierlân]]). De dames-edysje is wûn troch Porto Riko mei de spylsters Michelle Melendez en Jessica Lopez. It sulver wie foar de USA. By de hearen gie de cup nei de USA, fertsjintwurdige troch Yuber "PeeWee" Castro en Tywan Cook. Ierlân wie ferliezend finalist.
 
[[Kategory:Keatsen]]