Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 10:
}}
[[Ofbyld:Hijum, kerk foto2 2009-09-19 17.17.JPG|thumb|300px|right|''Grifformeardetsjerke fan Hijum.'']]
'''Hijum''' is it noardlikste [[doarp]] fan [[Ljouwerteradiel]]. De [[Hijumer Feart]], de âlde namme ''Hijumermear'' jout dit oan, is de grinsskieding mei de gemeente [[Ferwerderadiel]]. De namme Hijum is te ferklearjen as ''hiem'' of ''wenplak''.
 
== Skiednis ==
Rigel 27:
 
=== Grifformearde tsjerke ===
Yn [[1877]] waard der yn Hijum in ofskieden tsjerke stifte. DizzeDy ishat him letter oansletten by de [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân]]. De tsjerke hat de namme ''Betheltsjerke'' krige.
 
=== Mariëngaarder Mûne ===
[[Ofbyld:Jacobus Stellingwerf - De kerk te Hijum in 1723.jpg|thumb|''Sa tekene [[Jacobus Stellingwerf]] de Hijumer tsjerke'']]
Oan de Hege Hearrewei by de Hijumer Feart stie wat lang de iennichste [[nôtmûne]] fan Ljouwerteradiel west hat. Dat wie de ''Mariëngaarder Mûne'', ek wol ''Menaarder'', ''Bilgarder'' of ''Bilgaarder Mûne'' neamd. Der wurdt wol tocht dat de mûne troch it kleaster stifte is. Letter kaam der in partikuliere mealder. Yn [[1869]] is de mûne ôfbaarnd en dat wie de ein fan de mûne. Dêr sit in ferhaal oan fêst. De lêste mealder, Papma, woe wol fan de mûne ôf. Hy fûn in keaper foar 3.000 gûne en joech dy lok. Mar letter betocht Papma him wer en de nije eigener woe him de mûne wol wer ferkeapje. Papma koe de mûne foar 4.500 gûne wer weromkeapje. Papma hat dat dien, mar hy bekroade him wol oer dy 1.500 gûne dy’t hy tajaan moast. Syn húshâldster wist dêr wol rie op. De mûne wie foar 5.000 gûne tsjin brân fersekere; as de reade hoanne kraaide dan sprong Papma der noch mei winst út. Sa barde it dan dat de mûne yn ‘e brân fleach. Allinne begûn doe it gewisse fan de húshâldster te sprekken en se joech harsels as dieder oan.
 
== Aebinga’s en Emminga’s ==
Rigel 49:
It ynwennertal hat lang sa om de 300 west. Nei 1945 is der in oanwaaks komd om’t Ljouwerters harren dêr nei wenjen setten. It gemeentebestjoer hat dat oanmoedige troch yn Hijum wenten te bouwen.
=== Ferienings ===
Mei Feinsum hat it doarp in fanfare: Crescendo. De measte ferienigingsferienings hawwe se mienskiplik.
=== Befolking ===
* [[1954]] - 510