Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
Mei de '''Fryske stavering''' iswurdt de [[stavering]] fan de [[Standertfrysk|Fryske standerttaal]] ornearre. Yn 1969 hathawwe de Provinsjale Steaten fan Fryslân besluten dat it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten. Hjoed-de-dei jildt de [[Steatestavering]] fan 1980 as de offisjele stavering fan it Frysk.
 
== Hjoeddeiske stavering ==
[[Ofbyld:Fryske_Akademy.jpg|thumb|De Fryske Akademy is yn de praktyk itde útfierende en riejouwende orgaanynstânsje fanfoar de provinsjale oerheid op it mêd fan stavering.]]
De [[stavering]] fan it [[Frysk]] is fêstlein neffens de [[Steatestavering]] fan [[1 jannewaris]] [[1980]], fêststeld troch de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân]] yn 1979. De regeling stavering frjemde wurden fan 1982 is fêststeld troch de [[Deputearre Steaten]] fan Fryslân.
 
Rigel 27:
 
=== Gysbert Japiks ===
De taal en stavering fan [[Gysbert Japiks]] (1603-1666) syn wurk wie de grûnslach fan de hjoeddeiske Fryske skriuwtaal.<ref>[http://www.gemeentenenfrysk.nl/index.php?NewsId=20 gemeentenenfrysk.nl] Fryske skriuwwize Boalsert as earbetoan</ref> Japiks makke in eigen stavering dy't fier fan de Aldfryske stavering (foar 1550) ôf stie. Nei de ein fan [[Fryske frijheid]] yn 1498 ferdwûn it Aldfrysk as skriuwtaal fan it bestjoer. Gysbert Japiks wurke skriuwendewei oan syn stavering fan it Frysk. Taalwittenskipper [[Tony Feitsma]] makket yn de stavering fan Gysbert Japiks in gronologysk ûnderskie fan fjouwer fasen, en giet dêrby gronologysk útgietút fan twa staveringen.<ref>Tydskrift foar Fryske taalkunde, jiergong 7 (1992), nûmer 2</ref> Utgeande fan twa staveringen wie de stavering fan Gysbert Japiks al tige konsekwint. De begjinsels fan Japiks binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29 11en30.nu] Gysbert Japiks</ref> It skreaune Frysk fan de 19e ieu liket alteast noch foar in part op de stavering fan Japiks: sawol Japiks as njoggentjinde ieuske skriuwers skriuwe ''ho'' op plakken dêr't hjoed-de-dei ''hoe'' skreaun wurde soe. Japiks brûkt foar wurden as ''mei'' en ''ein'' de skriuwwize ''mey'' en ''eyn''.
 
=== 19e ieu ===
Rigel 33:
Yn de earste helte fan de 19e ieu kaam der mei de [[Romantyk]] mear omtinken foar it [[Frysk]] as skriuwtaal. [[Joast Hiddes Halbertsma]] hie foar syn teksten de stavering fan Gysbert Japiks fierder ûntwikkele en ta-eigene. Yn 1834 ferskynde syn Fryske stavering dy't er ferlike mei dy fan Japiks. Mei de eigen stavering begûn [[Joast Hiddes Halbertsma]] mei it skriuwen fan in Frysk-Latynsk wurdboek ('"Lexicon Frisicum"), mar makke gjin dien wurk.<ref>[http://itnijs.nl/2011/07/in-grut-frysk-latynsk-wurdboek/ It Nijs] In grut Frysk-Latynsk wurdboek (4 july 2011)</ref>
 
[[Harmen Sytstra]] ûntworpûntwurp in eigen stavering foar it Frysk, de Idunastavering, nei in idee fan De Haan Hettema. Dy stavering die sterk tinken oan dy fan de midsieuske Fryske wetsteksten. Dat kaam him op in protte krityk te stean en fûn gjin neifolging. It soe te fier fan it deistich Frysk ôfstean, dêr't Halbertsma syn stavering wol op basearre hie.
 
De striid gong healwei de 19e ieu tusken de praktyske stavering fan Joast Hiddes Halbertsma en de argayske stavering fan Harmen Sytstra. De striid om de stavering waard ôfsletten mei in kompromis tusken de romantisy en de praktisy. It '[[Selskip 1844]]' stelde in kommisje yn, dy't him dwaande hold mei it skriuwen fan in algemiene stavering. Yn 1879 stelde it Selskip 1844 de stavering fêst sa't er troch de kommisje betocht wie. Yn dat jier ferskynde "De Fryske Boekstavering, in hantlieding". Letter soe de stavering bekend wurde as de 'Selskipsstavering'.
 
Yn de Selskipstavering binne foaral eleminten út de stavering fan Halbertsma's werom te finen. In foarbyld is it oernimmen fan de Nederlânske ''oe'', wylst alle oare Germaanske talen dêr it teken ''u'' foar brûke. De stavering grypt ek werom nei it Aldfrysk, lykas by it skriuwen fan in ''h'' yn ''hwa'', dy't nei alle wierskyn net mear oerienkaam mei de 19e-ieuske útspraak. De ''o'' yn ''to'', no it wurdsje ''te'', wie yn de njoggentjinde ieu noch wol te hearren. Dat wie ek sa mei it wurd ''fan'' dat foar 1945 noch as ''fen'' skreaun waard.
Rigel 43:
=== 20e ieu ===
[[Ofbyld:Stavering.jpg|thumb|180px|In modern staveringslearboek fan de [[Afûk]].]]
Yn 1945 waard de Selskipsstavering ferfongen troch de [[Akademystavering]], ek wol "âlde stavering" neamd. Mei de Akademystavering soenen gâns fernijïngen komme om de taal tichtbertichter by de doetiidske útspraak te bringen. It wurdsje ''scille'' soe tenei as ''sille'' skreaun wurde, it wurdsje ''ho'' as ''hoe'', en ''hird'' as ''hurd''. By de ''oe''-klank waard der foar keazen om dy by brekking oan te jaan mei ''uo''. By de Selskipstavering waard noch ''stoellen'' en ''mûrre'' skreaun, mar mei de Akademystavering waard dat feroare yn ''stuollen'' en ''muorre''.
 
Nei it ferskinen fan de Akademystavering is der lykwols noch hieltyd ûnrêst by útjouwers en skriuwers. Dêrneist krige it Frysk in grutter plak yn it ûnderwiis. De ûnrêst en it Frysk ûnderwiis wienen beide reden om ta in nije stavering te kommen. De staveringskommisje fan de Fryske Akademy komt yn 1966 mei in útstel foar de stavering fan it Frysk. De kommisje presintearre in fonologyske stavering, dêr't fuort al in soad ferset tsjin wie. De Fryske Akademy beslute dêrnei om in nije kommisje yn te stellen, dy't syn advys yn 1968 wrâldkundich makke. By útstel I soenen de Fryske wurden 26 persint oars skreaun wurde, by útstel II soe dat 6 persint wêze. Beide útstellen hienen sawat likefolle foar- as tsjinstanners. In jier letter soe Provinsjale Steaten alle betizing fuortnimme.