Anne Tjerk Popkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 10:
Neist oersetter en taalûndersiker is Popkema adviseur foar it Frysk foar it ''Oxford English Dictionary'' (sûnt 2006) en it ''Deutsches Rechtswörterbuch'' (sûnt 2009). Krige yn [[2007]] de ''Laurence Urdang Euralex Award''. Waard yn [[2009]] lid fan de Fryske Akademy. Popkema wurket dêrneist as dosint taalfeardigens by de oplieding Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Fierder bestjoerslid fan de Stifting ''Eigen Honk Bernlef'' en fan it ''Nammekundich Wurkferbân'' fan de Fryske Akademy. Ek is hy lid van de Oarkonderûnte fan de Fryske Akademy.
 
Popkema skriuwt geregeld taalwedstriden út: ynein 2011 foar in Fryske [[Gévisme'gévisme]]n', en earder dat jier foar it moaiste Fryske [[palindroom]]. Hy joech yn juny 2010 in kursus Frysk oan [[Ron Jans]], doe't dy krekt trainer fan [[SK It Hearrenfean]] wurden wie. Popkema makke ek de oersetting fan de earste Frysktalige Donald Duck, dy't yn april 2012 útkaam by de Afûk yn Ljouwert. Dat is mei 50.000 eksimplaren ien fan de bêst ferkochte Frysktalige publikaasje oait wurden.
 
== Oersettings [seleksje] ==