Pornografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Foarstanners: + kategory
L →‎Foarmen fan pornografy: misbegryp fuortwurke
Rigel 60:
** skatologyske pornografy (''scat''; mei urine en/of ûntlêsting)
 
De foarmen yn 'e boppesteande opsomming wurde yn prinsipe allegearre mei libbene akteurs/aktrises makke, mar trochdat de technyk almar fierder giet, hoecht dat tsjintwurdich net mear. Animaasje giet hieltyd makliker en it sil nei alle gedachten net lang mear duorje ear't de earste folslein kompjûter-generearre pornofilm produsearre wurdt. Sels no al binne tekene en foar in part animearre pornografyske plaatsjes en bylden, benammentlik fan [[Japan|Japanske]] makkelei, oeral op it ynternet te finen. Dizze saneamde [[anime|animeshentai]] binneis der yn alderhanne soarten, wêrûnder ek guon dy't yn wurklikheid net mooglik binne, lykas (de typysk Japanske) [[tentakelpornografy]].
 
Ta ein beslút binne der dan noch guon yllegale foarmen fan pornografy, as se sa al neamd wurde kinne. Dat binne [[bernepornografy]] (wat net sasear pornografy is as wol filme of fotografearre [[ferkrêfting|ferkrêftings]]) en [[bistepornografy]]. In pear nau hjirmei besibbe saken binne ''[[snuff]]'' (opnames fan neispile of echte ferkrêftings folge troch de moard op it slachtoffer), en ''[[crush (sadisme)|crush]]'' (wêryn't kreaze froulju lytse bistkes lykas mûzen, hamsters of ynsekten deatraapje). Dat alles sil hjir fierders lykwols bûten beskôging litten wurde. Yn dit artikel wurdt mei "pornografy" bedoeld: pornografysk materiaal útslutend makke troch en mei tastimmende folwoeksenen of fia media (tekst, animaasje) dêr't alhiel gjin akteurs oan te pas komme.