The Vor Game: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Plot: red
Rigel 15:
 
Yn Kamp Permafrost oankommen, treft Miles dêr luitenant Ahn, de ofsier dy't hy ferfange moat, en dy't in earsten waarman blykt te wêzen, mar ek in grutte dronkenlap. Mei de basiskommandant, generaal Stannis Metzov, in ofsier fan it âlde stimpel dy't nei ûnbewiisde belutsenens by de dea fan in finzene yn 'e tiid fan 'e Komarraanske Opstân hjir yn 'e [[toendra]] dumpt is, begjint Miles op 'e ferkearde foet en dêrnei giet it allinne mar berchôf. Ek ûntkomt er mar kwealk oan 'e dea as in mispleatste grap fan in pear ûnderhearrigen troch syn ûnbekendheid mei it terrein libbensgefaarlike gefolgen hat. Tsjin 'e tiid dat luitenant Ahn ôfswaait, fjirtjin dagen letter, hat Miles it spul lykwols allegear goed foar 't ferstân.
{{Plotbedjer}}
 
'''It hjir folgjende part fan it boekbesprek befettet plot-bedjerrende eleminten. Lês fierder op eigen risiko.'''
 
Dan fynt der op in nacht in ûngelok plak mei fetaïne, in tige gefaarlike gemyske stof mei [[mutageen|mutagene]] eigenskippen. Dat is in ferâldere ôfskrikkingswapen dat yn Kamp Permafrost opslein wurde moat, en dêr't de Barrayarezen, mei harren ôfgriis fan [[mutaasje|mutaasjes]], fan grouje. It soe fierwei it feilichste wêze om 'e hiele ynhâld fan 'e opslachbunker dêr't it ûngemak bard is, mei magmaminen stadich opbaarne te litten, mar generaal Metzov hellet it him yn 'e plasse dat de fetaïne oan him tabetroud is en ferpoft it sadwaande om it te ferneatigjen. Hy wol dat de soldaten fan 'e technyske ôfdieling harren yn beskermjende pakken yn 'e bunker weagje om 'e geve fetten te rêden. De technisy, deselden dêr't Miles earder mei yn 'e kunde kommen is by de ferfolling fan in pear taakstraffen dy't er oprûn hie, wegerje lykwols it befel út te fieren. Metzov sjocht dat as muiterij en lit de mannen har by -5º C. neaken bûtendoar opstelle oant se tajouwe. Luitenant Bonn, harren direkte superieur, is it net mei dy gong fan saken iens, klaait himsels ek út en giet derby stean. Dat makket Metzov suver breinroer fan lulkens en Miles sjocht oankommen dat dit ferkeard ôfrinne sil. Om in oplossing te forsearjen docht er dan sels de klean ek út en giet derby stean. Dat pleatst Metzov foar in dilemma: hy kin fansels net de soan fan 'e minister-presidint deafrieze litte, mar kin er noch wol sûnder gesichtsferlies tajaan? Miles wit him mei moaie wurden derfan te oertsjûgjen dat er yn syn rjocht stiet en harren allegear foar de kriichrie daagje kin. Dêrop lit Metzov de hiele binde oppakke en opslute. De oare deis wurdt Miles ophelle en nei Vorbarr Sultana, de Barrayareeske haadstêd, flein om tekst en útlis te jaan oan syn heit en Simon Illyan, it haad fan 'e geheime tsjinst ''ImpSec''. Der wurdt besletten om sawol de "muiters" as Metzov út it leger te ûntslaan. De saak, mei foar beide siden in twifelige moraal, ferdwynt grutdiels yn 'e dôfpôt. Om't der no gjin ofsier mear is dy't him as ûnderhearrige hawwe wol, wurdt Miles tafoege oan ''ImpSec''. Boppedat moat er in hoart ferdwine oant it skandaal oerwaaid is.
 
Line 32 ⟶ 30:
 
Yn deselde sel dêr't Miles bedarret, wurde ek in stikmannich oaren fêstholden, en ien dêrfan is, ta Miles syn ûntsetting, keizer Gregor fan Barrayar. Under in besyk oan Komarr is Gregor einlik en by tafal saken oan 'e weet kommen oer syn heit, kroanprins Serg, dy't foar him geheim holden wiene. Serg, dy't omkommen is yn 'e Eskobareeske Oarloch (sjoch: ''[[Shards of Honor]]'') ear't er keizer wurde koe, wie in [[sadisme|sadistyske]] ferkeardeling waans foartidige dea bêst ris it wichtichste stikje lok wêze kinne soe dat Barrayar ea oerkomd is. Likegoed wie dat fansels foar syn soan skokkend om te hearren, en doe't er eefkes allinne litten waard troch syn befeiliging besocht Gregor healdronken en healhertich selsmoard te begean troch fan syn balkon te springen. Hy heakke lykwols heal yn it [[klimmerblêd]] dat by it gebou opgroeide, en hold der inkeld wat blauwe plakken oan oer. Ienris allinne op 'e strjitte, besleat er út te naaien, meunstere oan op in frachtskip (mei feardichheden dy't er ûnder syn tsjinst yn 'e Barrayareeske Striidkrêften opdien hie) en ferliet Komarr. De kaptein fan it skip bliek lykwols in smjunt te wêzen, dy't Gregor op dit romtestasjon dumpte sûnder him te beteljen; mei't it hawwen fan gjin jild yn 'e gerjochtichheid fan Jackson's Whole strafber is, waard er oppakt en sil er as "kontraktarbeider" oerdroegen wurde oan Aslund, dêr't er oan it romtestasjon dat de Aslunders oan it bouwen binne, wurkje moat oant syn straf derop sit. Miles is as de dea om Gregor út it each te ferliezen en tegearre oermasterje se ien fan 'e oare "kontraktarbeiders", wêrnei't Miles dy syn klean stelt en syn plak ynnimt, krekt op 'e tiid om mei Gregor nei it Aslunder romtestasjon oerbrocht te wurden.
{{Plotbedjer}}
 
'''It hjir folgjende part fan it boekbesprek befettet plot-bedjerrende eleminten. Lês fierder op eigen risiko.'''
 
Dêr oankommen blykt lykwols dat it romtestasjon bewekke wurdt troch de Dendarii, en Miles en Gregor wurde finzen nommen en nei admiraal Oser ta brocht. Dyselde hat noch in appeltsje mei Miles te skilen oangeande wat der foarfallen is yn 'e oarloch om Tau Verde IV (sjoch: ''[[The Warrior's Apprentice]]'') en hy jout opdracht om Miles en Gregor út in luchtslûs it luchtliddige yn te smiten. Ear't dat barre kin, wurde se lykwols rêden troch Elena Bothari Jesek, Ky Tung en Arde Mayhew, dy't âlde freonen fan Miles binne. Se wurde fan it stasjon ôf slûke en op 'e nij dwers troch it Hegen-mulpunt skipe, diskear nei it romtestasjon by it wjirmgat nei Vervain. Miles is der no fan oertsjûge rekke dat by Vervain ek de oarsaak fan 'e destabilisaasje fan it mulpunt socht wurde moat, mei't de Polezen allinne mar reägearje op 'e aksjes fan oaren, de Jacksonianen der hoegenamt gjin belangstelling foar toane om militêr fanwegen te kommen en de Aslunders dêr wol paranoïdernôch foar lykje, mar der de middels net ta hawwe.