Dean Koontz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hy:Դին Կունց
+ biografy
Rigel 1:
'''Dean Koontz''', folút: '''Dean Ray Koontz''' ([[Everett (Pennsylvania)|Everett]] ([[Pennsylvania]]), [[9 july]] [[1945]]), is in fiksjeskriuwer út dewrâldferneamde [[Feriene Steaten|Amerikaanske]], hy[[skriuwer]] isfan wrâldferneamd[[thriller]]s omen [[horror]]ferhalen. Ien fan syn populêreboeken thrillersis enfertaald horrorferhalen.yn Oantit no[[Frysk]], tantl. is''[[De derFizioenen nochfan marMary]]'' ien(orizjinele wurktitel: fan''The himVision''), dat oerset ynis ittroch [[FryskHenk Wolf]].
 
==Biografy==
Koontz groeide op yn in gesin dêr't syn [[alkoholisme|alkoholistyske]] heit him geregeldwei mishannele, wat in grutte ynfloed op syn lettere skriuwen hie, krekt as de moed fan syn ûnmânske mem yn har ferset tsjin syn heit. Yn syn studintetiid begûn Koontz syn skriuwkarriêre en al rillegau wûn er syn earste priis (yn in skriuwwedstryd fan it tydskrift ''Atlantic Monthly'').
 
Nei't er yn [[1967]] ôfstudearre wie, wurke er as learaar [[Ingelsk]] oan in middelbere skoalle yn [[Mechanicsburg (Pennsylvania)|Mechanicsburg]]. Yn syn frije tiid skreau er syn earste [[roman]], ''Star Quest'', in [[science fiction]]ferhaal dat yn [[1968]] útjûn waard. Nei noch in stikmannich oar science fictionromans skreaun te hawwen, stapte er oer nei thrillers en horror. Koontz wie fral yn 'e jierren santich in tige produktyf skriuwer; yn syn topjier [[1972]] kamen der bgl. njoggen boeken fan him út.
 
Yn 'e jierren santich en tachtich makke er ek in soad gebrûk fan [[skûlnamme|pseudonimen]], mei't syn útjouwer tsjin him sein hie dat skriuwers dy't hinne en wer sprongen tusken ferskillende [[literêr sjenre|literêre sjenres]], sa't hy dat die, it risiko rûnen om harren lêzers fan har te ferfrjemdzjen. Nei al mear as tsien jier skreaun te hawwen, briek Koontz yn [[1980]] einlik (ûnder syn eigen namme) troch mei de roman ''Whispers'' (fan 'e beide foargeande boeken, ''The Key to Midnight'' en ''The Funhouse'' wiene ek al mear as in miljoen eksimplaren ferkocht, mar dy wiene ûnder in pseudonym skreaun).
 
Fan Koontz is bekend dat er polityk konservatyf is en in oanhinger fan 'e [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinen]]. Sa stipe er yn [[2008]] aktyf en finansjeel de kampanje fan 'e Republikeinske presidintskandidaat [[John McCain]]. Koontz wennet yn 'e omkriten fan [[Los Angeles]], yn [[Kalifornje]], dêr't ek syn measte romans spylje.
 
== Bibliografy ==
Line 97 ⟶ 106:
*[http://www.randomhouse.com/bantamdell/koontz/ Dean Koontz – De offisjele hiemside].
 
[[Kategory:Amerikaansk skriuwer|Koontz, Dean R.]]
[[Kategory:Science fiction- en fantasyskriuwer|Koontz, Dean R.]]
 
[[an:Dean Koontz]]