Fantasy (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Rigel 10:
Yn [[1923]] waard ''Weird Tales'', it earste fantasytydskrift, oprjochte, folge troch withoefolle oaren. De tweintiger oant en mei de fyftiger jierren foarmen de heechtijdagen fan it pulpmagazine en dat spile in krúsjale rol by it ûnder de oandacht bringen fan fantasy by in breder publyk en fral ek by de jongere generaasjes, sawol yn 'e [[Feriene Steaten]] as yn [[Grut-Brittanje]]. Dyselde tydskriften wiene ek ûnmisber foar de opkomst fan science fiction, en it wie yn dy tiid dat de beide sjenres foar it earst mei-inoar assosjearre rekken.
 
It wiene fral de midsieuskige fantasysubsjenres ''[[sword and sorcery]]'' ("swurd en tsjoenderij") en [[hege fantasy]], dy't úteinlik trochbrieken ta in wrâldwiid publyk. ''Sword and sorcery'' mei it ikoanyske ''[[Conan the Barbarian]]'' ([[1930]]), fan 'e Amerikaanske skriuwer [[Robert E. Howard]], en hege fantasy mei [[J.R.R. Tolkien]] syn ûnoertroffen ''[[The Lord of the Rings]]'' ([[1954]]-[[1955]]). Ferskate oare klassike fantasywurken kamen om deselde tiid hinne út, lykas ''[[The Chronicles of Narnia]]'', fan [[C.S. Lewis]], en [[Ursula K. Le Guin]] har [[Earthsea-searjekwartet|''Earthsea''-searjekwartet]].
 
Sûnt de sechstiger jierren fan 'e tweintichste ieu is fantasy in folwoeksen en fêstige sjenre mei sawol in ynternasjonaal literatueroanbod as in ynternasjonaal lêzerspublyk. Hichtepunten út 'e lêste desennia binne (om mar in lytse greep te dwaan): de ''[[Harry Potter]]''-searje fan [[J.K. Rowling]], de [[Wheel of Time-searje|''Wheel of Time''-searje]] fan [[Robert Jordan]], de [[Kushiel's Dart-trilogy|''Kushiel's Dart''-trilogy]] fan [[Jacqueline Carey]], de [[Chalion-syklus|''Chalion''-syklus]] fan [[Lois McMaster Bujold]] en de roman ''[[Under Heaven]]'' fan [[Guy Gavriel Kay]].