Fersin fan Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
AvicBot (oerlis | bydragen)
L r2.6.5) (Bot - derby: en:Red Week (Netherlands)
Rigel 29:
Katolike organisaasjes makken har klear foar in kontrarevolúsje. By in gearkomste yn De Haach besletten de katoliken om in manifest te meitsjen en dêrfan 500.000 stiks út te dielen. Sy stelden ek in boargerwacht yn.
 
Op 12 desimber wie der yn de Twadde Keamer in publyk debat, dêr’t Troelstra ek by wie. Om de ûnrêst by it folk del te bêdzjen hie it regear it deistige brearantsoen ferhege fan 200 nei 280 gram, omdat de helte fan de militêre foarried beskikber steld wurde soe. Dêrneist kaam de meidieling dat de alliearden graannôt beskikber steld hienen en dat der al skippen ûnderweis wienen opom dat op te heljen. Minister-presidint Ruijs de Beerenbrouck joechdie ek te witten dat it regear by in mooglike reboelje gjin hinder hawwe soe by de útfiering fan syn taak. Neffens him soe dat de sitewaasje wat it iten oanbelanget net better meitsje.
 
Nei it wurd fan de minister-presidint kaam Troelstra wer oan it wurd. Yn in taspraak dy’t in oermannich duorre wie it revolúsjonêre lûd noch better te fernimmen. Hy sei mei klam dat de SDAP en it Nederlands Verbond voor Vakverenigingen (NVV) net ree wienen ta it brûken fan geweld. Lykwols wie it neffens Troelstra de taak fan in sosjaaldemokrasy, om no te striden foar de politike ferheffing fan de arbeidersklasse. Dat it dêrby wol om geweld gong, die bliken doe’t er spriek fan deaden om it histoaryske momint plakfine te litten. Ymplisyt wie it boadskip fan Troelstra oan it regear om no de macht oer te dragen oan de arbeidersklasse.