Geertje Lycklama à Nijeholt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q4503123 (translate me)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
Tusken har stúdzje en har promoasjeûndersyk wurke frou Lycklama à Nijeholt yn Pakistan. Se wurke dêr mei oan ferskate ûndersiken en die sosjaal en edukatyf wurk, benammen rjochte op de ferbettering fan de situaasje fan froulju.
 
Nei in skoft as eksterne deskundige yn de Emansipaasjekommisje waard Lycklama à Nijeholt koördinator Ynternasjonale FrouljusakenFrouljussaken by it [[Ministearje fan Bûtenlânske saken]] (1977-1983).
 
Begjin 1979 waard hja bysûnder heechlearaar [[emansipaasje]]kunde en [[Frouljusemansipaasje|frouljustúdzjes]] oan de [[Lânbouhegeskoalle Wageningen]]. HjirDêr bleau se oant ein 1983.
 
Yn it stúdzjejier 1983-'84 waard se heechlearaar "frouljufrouljus- en ûntwikkelingsstúdzjes" oan it [[Institute of Social Studies]] (ISS) yn [[De Haach]]. Hja bleau hjirdêr oant midden 1999; de lêste fjouwer jier as deeltiid heechlearaar. Yn de perioade 1990-'95 wie se rektor fan ditdat ynstitút wêrnei't se in sabbatical jier as fellow by it [[Netherlands Institute for Advanced Study|NIAS]] trochbrocht.
 
Fan 1995 - 2003 wie Lycklama à Nijeholt lid fan de [[Partij fan de Arbeid]]-fraksje yn de [[Earste Keamer]], wêrfandêrfan de lêste fjouwer jier as [[fraksjefoarsitter]]. Underwerpen dy't har bysûndere omtinken krigen wiene bûtenlânsk belied, ûntwikkelingsgearwurking en heger ûnderwiis.
 
Op 1 juny 1999 gie hja mei pinsjoen.
 
Yn har heule karriêre hat Geertsje Lycklama à Nijeholt in soad byfunksjes hân, benammen op it mêd fan (frouljufrouljus)ûntwikkeling, bûtenlânsk belied of heger ûnderwiis. Sa wie se ûnder mear ein jierren '70 foarsitter ''Kommisje Likense Rjochten Manlju en Froulju'' ([[Ried fan Europa]], [[Straatsburg]]), yn de jierren '80 lid fan it bestjoer fan ''Women’s World Banking'' ([[New York City|New York]]), sûnt 1997 lid fan it algemien bestjoer fan it [[Ynstitút Clingendael|Nederlânsk Ynstitút Ynternasjonale Betrekkings "Clingendael"]], Fan 2000 ôf lid fan it algemien bestjoer fan de [[VPRO]], ek sûnt 2000 lid fan it "Consultative Committee" fan it "United Nations Development Fund for Women" en sûnt 2005 lid fan de Ried fan tafersjoch fan de [[Ryksuniversiteit Grins]].
 
Har hjoeddeiske (2010) njonkenfunksjes binne
* foarsitter fan de ''Ried fan Tafersjoch Transparant'', Sintrum foar geastlike Sûnenssoarch, Leien (sûnt 2007),
* lid ''Ried fan Tafersjoch Ryksuniversiteit Grins'' (sûnt 2005), en
* foarsitter ''Stichting ^Fonds 1818 tot nut van het algemeen'' yn De Haach (ek sûnt 2005).
 
== Privee ==