Feda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 3:
 
== Oarsprong ==
Nei alle gedachten is de âldste Feda, de Rig Feda[[Rigfeda]], ûntstien by de [[Ariërs]], in Yndo-Jeropeesk folk dat sûnt de [[15e ieu f. Kr.]] Yndia ynloek. De lettere Feda's wurde beskôge as iepenbieringen fan saneamde [[rishy]]'s of wize stamhaden dy't harren kennis opdienen troch direkte waarnimming yn suver bewust wêzen. Dêrmei hearre sy ta de alderearste religieuske teksten fan de wrâld.
 
De Feda binne pas frij let nei de útfining fan it skrift opskreaun. Dat hie te krijen my de ieuwenâlde tradysje om kennis út de holle te learen. Dat oanlearen fan dizze kennis barde troch spesjale persoanen (pandits) dy't traind wienen de hymnen út de holle te learen. By de religieuske [[kaste]] fan de [[Brahmaan|Brahmanen]] waard dizze kennis faak troch famylje trochjûn. Spesjale fersstruktueren en ritmes soargen derfoar dat de teksten yntakt bliuwe koenen, hoewol't in protte teksten yn de rin fan de tiid toch ferlearn gean soenen.
Rigel 9:
== Ynhâld ==
De fjouwer wichtichste Feda's binne:
* de [[Rig FedaRigfeda]]: basisfeda mei hymnen dy't ek yn de oare diels brûkt wurde
* de [[Sama FedaSamafeda]]: sangfoarm
* de [[Yajur FedaYajurfeda]]: swarte en wite
* de [[Atharva FedaAtharvafeda]]: rituelen
 
Fierders binne der ek noch wat sub-Feda's, lykas de [[AyurvedaAyurfeda]] dy't oer genêskunde giet, de [[Gandharva FedaGandharvafeda]] oer [[muzyk]] en de [[Sthapatya FedaSthapatyafeda]] oer de [[boukeunst]]. Al dizze skriften hawwe gjin religieuske ynhâld. Bekender as de Feda's binne de [[UpanishadsUpanisjaden]], dêr't útlis yn jûn wurdt oer de filosofy efter de Feda's.
 
De Feda's binne skreau yn it tige âlde foarm fan it [[Sanskryt]]. In grut oantal wurden dy't brûkt wurde kinne hjirtroch ferskate betsjuttings hawwe, wêrtroch ferskate ynterpretaasjes fan ien tekst mooglik binne.