Pontysk-Grykske Genoside: ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
No edit summary
De '''Pontyske Grykske Genoside''' ([[Gryksk]]: Γενοκτονία των Ελλήνων του Πόντου ''Genoktonia ton Ellinon tou Póntou''; uf [[Turksk]]: ''Rum Kırımı'' oder ''Pontus soykırımı''}}) — ek bekend as de '''Pontyske Grykske Holocaust''' en by [[Pontyske Griken]] as de '''Grutte Misdied''' of '''Pontyske Grykske Kwestje'''— ferwiist nei de mei opset sin en systematyske ferneatiging fan de Pontyske Grykske befolking fan it [[Ottomaanske Ryk]] yn en krekt nei de [[Earste Wrâldkriich]] yn de tiid fan it rezjym fan de [[Jonge Turken]].
 
Der waard op grutte skaal moarde en deportearre. By de deportaasjes waarden minsken twongen ta lange marsen ûnder sokke strieminne omstannichheden dat it wol útrinne moast op in soad deaden. It totaal oantal Armeenske deaden wie ien oant oardel miljoen, dêr binne de measten it oer iens. Yn dy tiid waarden oare etnyske groepen, sa as [[Assyrjers]] en [[Armeenjers]], op in te ferlykjen wize oanfallen troch it Ottomaanske Ryk. Guon gelearden tinke dat dat part wie fan deselde ferdylgingspolityk. Lykwols wol Turkije formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan.
Anonime meidogger