Earste Brief oan de Korintiërs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Minuscule 223 (GA) f150v.jpg|right|thumb|250px|De begjinfersen fan ''1 Korintiërs'' yn in fjirtjinde-ieusk hânskrift.]]
It '''''Earste Brief oan de Korintiërs''''', yn it oarspronklike [[Gryksk]]: '''Α' Επιστολή προς Κορινθιους''', '''''AAlfa Epistoli pros Korinthious''''', ek wol koartwei '''''1 Korintiërs''''' neamd, is it sânde boek fan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. It is de twadde fan 'e [[brieven yn it Nije Testamint|brieven]], en heart ta de ''[[Brieven fan Paulus]]''. Dat de [[apostel]] [[Paulus]] dit brief skreaun hat, is frijwol ûnbekreaud, al neamt er sels yn 'e ynlieding ''"ús broer [[Sostenes]]"'' as mei-[[skriuwer]]. ''1 Korintiërs'' waard skreaun yn 'e stêd [[Efeze]], oan 'e westkust fan [[Lyts-Aazje]], dêr't Paulus likernôch trije jier tahold nei't er yn it [[Grikelân|Grykske]] [[Korinte]] in kristlike gemeente stifte hie (sjoch: ''[[Hannelingen]]'' 18:1-17). De bedoeling dy't er dermei hie, wie om 'e Korintyske kristenen op it rjochte paad te hâlden. De measte bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] datearje it brief yn 'e jierren [[53]]-[[57]]. ''1 Korintiërs'' is mei it ''[[Brief oan de Romeinen]]'' ien fan 'e ''Brieven fan Paulus'' dy't de grutste ynfloed útoefene hat op 'e kristlike teology, mei útspraken as: ''"as ik de leafde net hie, wie ik neat"'' (''1 Kor.'' 13:2) en ''"doe't ik in lyts bern wie, prate ik as in bern, tocht ik as in bern, riddenearre ik as in bern. No't ik in man wurden bin, haw ik it bernlike oan 'e kant dien"'' (''1 Kor.'' 13:11). De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''1 Korintiërs'' stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1933]] útkaam.
 
===Ynhâld===