A Civil Campaign: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Plot: typfout
→‎Plot: spaasje tefolle en wurd 2x
Rigel 38:
In folgjende set fan Alexi Vormoncrief is dat er in brief skriuwt oan Vassily Vorsoisson, Tien syn fiere neef en neiste manlike famyljelid. Neffens de Barrayareeske wet krige dy nammentlik nei Tien syn dea de âlderlike fâdij oer Nikki tawiisd, en al hat er dy oerdroegen oan Ekaterin, hy kin him ek sa wer weromnimme. Vormoncrief praat him alle laster oer Miles oan en hoe't dy Tien fermoarde hat. De kjel wurden Vassily reizget dêrop, tegearre mei Ekaterin har âldere broer Hugo Vorvayne, nei Vorbarr Sultana om Ekaterin in ultimatum te stellen: se wolle net dat Ekaterin noch gedoente hat mei Miles, oars nimt Vassily de fâdij oer Nikki wer werom en sil er de jonge grutbringe litte troch in oar froulik famyljelid.
 
Underwilens hat Mark syn mem, grevinne Cordelia Vorkosigan, om help frege om Kou en Drou, Kareen har âldelju, safier te krijen dat se ynstimme mei syn relaasje mei Kareen. Cordelia noeget Kou en Drou út yn 'e bibleteek fan Vorkosiganstate, dêr't se harren plaknimme lit op in âld bank dy't spesjaal foar dat doel fan 'e rommelsouder helle is. It is nammentlik de bank wêrop't Kou en Drou goed tritich jier lyn foar it earst de leafde bedreaune. Mei dat psychologyske oerwicht oan har kant wit se Kareen har âldelju al rillegau safier te krijen dat se wol om lykomlyk wolle.
 
Tsjin syn wil rekket Ivan hieltyd djipper behelle yn Dono Vorrutyer syn kampanje foar it greefskip. De jûns foar't de stimming dêroer en oer de saak Vorbretten plakfine sil yn 'e Rie fan 'e Greven, is er mei Dono en Kareen har suster Olivia Koudelka, dy't allegeduerigen mei Dono oplûkt, op 'en paad. Se wurde eins earne oars ferwachte, mar Dono beslút ympulsyf nochris te besykjen om greve Vorfolse oan syn kant te krijen. Vorfolse is in eksintrikeling dy't syn hearehûs ferhierd en sels in appartemint yn in fletgebou bewennet. Yn 'e parkeargaraazje fan 'e flet wurde Ivan-en-dy oerfallen troch in groepke ynhierde kriminelen dy't Dono syn liifwachten flotwei útskeakelje en dan himsels besykje te kastrearjen en op dy manear de geslachtsferoaringsoperaasje werom te draaien. Se hawwe lykwols bûten Ivan en Olivia (wa har mem oft foarhinne de persoanlike liifwacht fan 'e keizer wie) rekkene. Tegearre witte dy de oerfallers te oermasterjen. Ivan is sa lulk oer dizze mislike oanslach, dat er suver foar it earst yn syn libben it inisjatyf nimt en Dono-en-dy èn de ferdôve oerfallers meinimt nei de greve fan syn eigen hûs, de konservative Falco Vorpatril.
Rigel 48:
Mei't Ivan de konservative greven Vorpatril, Vorhalas, Vorfolse en Vorkalloner yn Dono syn kamp brocht hat troch harren dielgenoat te meitsjen fan 'e gemiene oanfal op Dono yn 'e parkeargaraazje, rekket Richars Vorrutyer der hielendal ôf. Hy besiket mei syn taspraak foar de Rie fan 'e Greven om it inisjatyf wer yn 'e hannen te krijen troch op 'e nij de laster oer Miles syn saneamde moard op Tien Vorsoisson nei bûten te bringen. Dêrop rekket er yn diskusje mei in spinnidige Ekaterin, op 'e publike tribune, dy't, om foar iens en foar altyd de praatsjes út 'e wrâld te helpen dat Miles har ûnder druk set om syn frou te wurden, Miles dêr en dan sèls freget om mei har te trouwen. Dat is wat dêr't Miles fansels daliks yn tastimt. Dêrnei giet de stimming foar Miles syn partij dat it slydjaget: sawol Dono Vorrutyer as René Vorbretten wurde ta greve fan harren respektivelike distrikten keazen. Richars Vorrutyer wurdt út 'e riedskeamer set en fuortynienen oerdroegen oan 'e wachtsjende plysje, om oanklage te wurden foar it beävensearjen fan 'e oanfal op Dono.
 
Neitiid keart Miles mei syn oansteande breid en har famyljeleden werom nei Vorkosiganstate, dêr't se yn 'e hal Mark en de mei bistkebûter oerdutsen Kareen, Martya, dr. Borgos, Roic en de beide Escobareeske plysjes oantreffe. Miles lost it trelit flotwei op troch oan te tsjutten dat Vorkosiganstate as residinsje fan 'e greve fan it Vorkosigan-distrikt it grûngebiet fan dat distrikt is, en hoewol't fierders alle papierren fan 'e Escobarezen fierders ynoarder binne, beskikke se net oer in útleveringsbefel fan it Vorkosigan-distrikt. As se him dêr dan daliks om freegje, wegeret er dat harren en moatte se har poerlulk en glysterich fan 'e bistkebûter ôfjaan.
 
''A Civil Campaign'' einiget mei de keizerlike brulloft, dy't Mark-en-dy oangripe om har earste bistkebûterprodukt oan 'e man te bringen: eskdoarnambrozyn. Dat is bistkebûter fermongen mei eskdoarnmiede, de pleatslike drank fan it Vorkosigan-distrikt. Ek de tentoanstelde glorieuze bistkes binne in grut súkses. Troch de woltier fan 'e bûterbistke-ûndernimming hat Kareen no genôch jild om har folgjende stúdzjejier op Bêta Koloanje fan te beteljen. Mei har suster Martya, dy't it wol hiel goed fine kin mei dr. Borgos, hawwe sy en Mark ôfpraat dat dy de ûndernimming op Barrayar liede sil as hja beiden weromgeane nei Bêta Koloanje. Op 'e brulloft makket Kareen har oare suster Olivia boppedat har ferloving mei greve Dono Vorrutyer bekend. En Miles is tige optein as er fernimt dat Alexi Vormoncrief oerpleatst wurdt nei de ôfhandige legerbasis Lazkowski, yn it poalgebiet, better bekend ûnder de ûnoffisjele namme Kamp [[permafrost|Permafrost]], dêr't Miles sels ek ris in blaumoandei stasjonearre west hat (sjoch: ''[[The Vor Game]]'').