Preker (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L File renamed: File:Ecclesiastes.pngFile:Dore Solomon Proverbs.png File renaming criterion #3: Correct misleading names into accurate ones.Many web sites (including the one this was copied fro...
Rigel 1:
[[Ofbyld:EcclesiastesDore Solomon Proverbs.png|thumb|right|250px|De preker (in yllústraasje fan [[Gustave Doré]]).]]
'''''Preker''''', yn it oarspronklike [[Hebrieusk]]: '''קהלת''', '''''Qoheleṯ''''' ("Sammelder"), is in boek fan [[poëzij|dichterlike]] wiisheid yn sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' is ''Preker'' it 18de boek (fan 24) en falt it ûnder de ''Ḵeṯuḇim'' (de "Geskriften"); yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]) it 21ste boek (fan 39) en heart it ta de ''Poëzij en Wiisheid''. Hoewol't de preker himsels yn ''Pr.'' 1:1 foarstelt as "''De Preker, soan fan David, kening te Jeruzalim"'', dêrmei ymplisearjend dat er [[Salomo fan Israel|Salomo]] is (of sa binne dy wurden alteast altyd útlein), is it boek ''Preker'' feitliks it wurk fan in anonime [[skriuwer]], en datearret it nei alle gedachten út it lêste part fan 'e trêde ieu f.Kr. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Preker'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.