Hannelingen fan Pilatus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 1:
De '''''Hannelingen fan Pilatus''''', ek wol it '''''Evangeelje fan Pilatus''''' neamd, is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]], dy't de namme draacht fan [[Pontius Pilatus]], de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] steedhâlder fan [[Judéa]] yn 'e tiid fan 'e [[krusiging]] fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]]. It is lykwols gjin [[pseudepigraaf]], mei't it net beweart dat it troch Pilatus sels skreaun is. Ynstee hâldt it út gearstald te wêzen út offisjele ferslaggen út it [[pretoarium]] te [[Jeruzalim]], dy't troch de klerken dêre yn opdracht fan Pilatus optekene wêze soene foar keizer [[Tibearius]]. Dêryn wurdt sawol melding makke fan 'e krúsdea fan Jezus as fan beskate wûndertekens. It is tige ûnwierskynlik dat it dokumint autentyk is, mei't der gjin inkele histoaryske basis is foar de foarûnderstelling dat Romeinske steedhâlders de dea fan lju dy't it Romeinsk boargerskip net besieten rapportearren oan it sintrale regear yn [[Rome (stêd)|Rome]], lit stean oan 'e keizer sels. It iepentlik kristlik boadskip stelt de tekst noch fierder yn 'e kiif, mei't neat derop wiist dat Pontius Pilatus ea bekeard is ta it kristendom. De measte moderne saakkundigen sjogge de ''Hannelingen fan Pilatus'' sadwaande as in kristlik wurk dat bedoeld wie om ynformaasje oangeande de krusiging en dêrmei ferbûne foarfallen út [[heidendom|heidenske]] boarnen te wjerlizzen.
 
===Datearring en gearstalling===