Meryl Streep: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 76 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q873
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 7:
Streep makke har debút op toaniel yn 1971 mei ''The Playboy of Seville''; har filmdebút kaam mei de televyzjefilm ''The Deadliest Season'' yn 1977. Itselde jier hie hja in rol yn de bioskoopfilm ''Julia''. Goede kritiken en kommersjeel súkses kaam mei har rollen yn ''[[The Deer Hunter]]'' (1978) en ''[[Kramer vs. Kramer]]'' (1979). Foar de earste krige Streep har earste [[Academy Awards|Oscar]]-nominaasje en foar de twadde wûn se ien. Letter wûn hja noch in [[Academy Award for Best Actress]] foar har optreden yn ''[[Sophie's Choice (film)|Sophie's Choice]]'' (1982).
 
Streep har namme is 15 kear neamd foar in ''Academy Award'' en 23 kear foar in ''Golden Globe'' (wêrdêr't sy 6 fan wûn hat), faker as hokfoar persoan yn de filmskiednis dan ek. Mei har aktearjen hat sy fierders noch twa [[Emmy Awards]], twa [[Screen Actors Guild Awards]], in [[Cannes Film Festival]] award, trije [[New York Film Critics Circle Awards]], fjouwer [[Grammy Award]] nominaasjes, in [[BAFTA]] award, en in [[Tony Award]] nominaasje opsmiten.
 
Op [[26 febrewaris]] [[2012]] krige Streep har tredde ''Academy Award for Best Actress in a Leading Role'' foar har rol as [[Margaret Thatcher]] yn de Britske biografyske film (''biopic film'') "The Iron Lady".