Sonnetten (Shakespeare): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 24:
 
===Fryske oersetting===
De Fryske oersetting fan ''Shakespeare's Sonnets'' ferskynde yn 1944 by [[útjouwerij]] D.J. Kamminga te [[Dokkum]] ûnder de titel ''Sonnetten fen Shakespeare'', en is fan 'e hân fan [[Douwe Kalma]]. Letter makke dizze fertaling diel út fan ''Shakespeare's Wurk Dl. VIII'', ien fan 'e [[omnibus]]útjeften fan 'e [[Fryske Shakespeare Stifting]] te [[Drachten]], út [[1976]]. Nei't er omstavere en by de tiid brocht wie troch [[Eric Hoekstra]], waard dyseldichste tekst yn [[2005]] werútjûn troch [[Utjouwerij Bornmeer]] yn gearwurking mei de [[Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân]], en mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]] en de [[Douwe Kalma Stifting]], ûnder de titel ''De Sonnetten''. Sonnet 66 is trouwens ek oerset yn it Frysk troch [[Haring Tjittes Piebenga]], dy't syn fertaling yn [[1964]] publisearre yn ''[[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Shakespeare, William}}, ''Sonnetten fen Shakespeare'' (fert. Douwe Kalma), Dokkum, 1944 (D.J. Kamminga), sûnder ISBN.
* {{Aut|Shakespeare, William}}, ''Shakespeare's Wurk Dl. VIII: Coriolanus, Pericles, Cymbeline, Venis en Adonis, De Rôf fan Lucretia, Sonnetten en Fersen'', Drachten, 1976 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN-nûmer.
* {{Aut|Shakespeare, William}}, ''De Sonnetten'' (fert. Douwe Kalma), Ljouwert, 2005 (Utjouwerij Bornmeer y.g.m. St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 978-9 05 61 51 089.
* {{Aut|Shakespeare, William}}, ''Sonnet 66'' (fert. Haring Tjittes Piebenga), yn: ''De Tsjerne'', jiergong 4 (1964), s. 123.
}}