Navidukt Krabbersgat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Naviduct Enkhuizen Pseudopanorama 20081227.jpg|thumb|right|250px|''It Navidukt Krabbersgat by Inkhuzen.'']]
 
It '''Navidukt Krabbersgat''' is in [[navidukt]] by [[Inkhuzen]]. It is it earste navidukt dat ea boud is en waard iepene yn [[2003]]. De slûzensluzen yn it navidukt hawwe in lingte fan 125 meter, in breedte fan 12,5 meter en in drompeldjipte fan 4,50 meter -[[NAP]].
 
Sûnt [[1975]] wurdt de [[Markermar]] skieden fan de [[Iselmar]] troch de [[Houtribdyk]]. Dy dyk wie oanlein as mooglike grins fan de oan te lizzen [[Markerwaard]]. De [[Krabbersgatslús]] by Inkhuzen moast it farferkear tusken de beide marren fersoargje. Mar de slús krúst de [[autowei]] [[N302]], dêrtroch hie sawol it wetter- as it weiferkear bot lêst fan de situaasje. Healwei de njoggentiger jierren waard besletten om dêr in akwadukt oan te lizzen.
Rigel 9:
[[Ofbyld:Naviduct2.jpg|thumb|right|250px|''In loftfoto fan it Navidukt Krabbersgat.'']]
 
It navidukt is yn in spesjaal foar it navidukt oanleine [[polder]] boud. Dy polder, yn de foarm fan in rút, hat in lingte fan 500 meter en is 160 meter breed. De polder is foarme troch daamwanden te slaan yn de klaailaach oant 25 meter -NAP. De dyk fan de polder giet oant 6 meter +NAP. Omdat de sluzen net yn it lân boud binne, mar frij yn deit loftwetter lizze, moatte se goed wetterticht makke wurde. Eltse slúskolk bestiet út 7 dielen, in middenpart, fjouwer slúsparten en in twa kopparten. De kop- en de middenparten binne oan elkoar keppele, de rest is los fan elkoar boud.
 
It navidukt is lykas de polder op stiel fundearre. Dêrfoar is it besteande grûnpakket oant op in djipte fan 11,50 meter -NAP fuortbaggere en ferfong troch in sânlaach. Dat om genôch stiifheid yn de grûn te krijen. Auto’s kruse it navidukt op 10,80 meter -NAP. Om wetteroerlêst te foarkommen is de grûnwetterspegel yn de polder ferlege oant 12.00 meter -NAP. In wiidweidich drainaazje- en suveringssysteem soarget foar in goede wetterôffier as der tefolle delslach is.