Hans de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q1867714 (translate me)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Hans de Jong''' ([[Koartsweagen]], [[3 maaie]] [[1921]] - [[De Gerdyk]], [[31 desimber]] [[2010]]) wie in Fryske [[waarman]]. Mei syn frou Anneke hie er twa dochters; Marita en Karin, dy't beiden yn 2000 ferstoaren by in ferkearsûngemak.
 
De Jong wie ûnderwizer en begûn yn [[1960]] syn karriêre as waarman fan de [[Friese Koerier]], dy't letter opgie yn de [[Ljouwerter Krante]]. Al yn de [[Twadde Wrâldkriich|oarlochsjierren]] sammeltsammelet hy waarynformaasje út syn belangstelling foar [[meteorology]] wei. Yn [[1949]] wurdt hy oansteld as reinwaarnimmer foar it [[Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút|KNMI]] en yn [[1960]] ferlit er it ûnderwiis. Hy waard lanlik bekend troch syn waarpraatsje foar de [[NCRV]] en de [[Wrâldomrop]]. Hy sluet altiten syn waarberjocht ôf mei: “Hans de Jong hier en nu Gorredijk”. Nei in waarrubryk yn ‘De Woudklank’ folgen al gau de blêden ‘Heerenveense Koerier’ en letter ‘De Waarheid’ en it ‘Vrije Volk’. Ek de ‘Leeuwarder Courant’, it ‘[[Friesch Dagblad]]’ en it deiblêd ‘Trouw’ (sûnt 1964) publisearren it waarberjocht fan Hans. Tegearre mei de yn [[1992]] ferstoarne waarman [[Jan Pelleboer]] lei hy de basis foar de popularisearingpopularisearring fan de meteorology yn Nederlân en joech hy in grutte ympuls oan de [[amateurmeteorology]] yn [[Nederlân]]. De Jong wie yn [[1974]] tegearre mei Pelleboer ien fan de inisjatyfnimmers fan de [[Feriening foar Waarkunde en Klimatology]], de organisaasje fan waaramateurs.
 
Oan it begjin fan de televyzje hat De Jong in skoft televyzjeresinsint west, en oant 2008 hat er alle wiken de rubryk "In praetsje by in plaetsje" yn de Gerdykster streekkrante ''De Woudklank'' fersoarge, omendebyom-ende-by 1500 ôfleveringen oer de skiednis fan it eigen gea. Syn argyf oer De Gerdyk foarme hjirfoardêrfoar de basis.
 
Yn [[1942]] kaam er foar it ljocht mei it klandestine [[jazz]]orkest ''The Snake Charmers''. De band hat noch oant nei de oarloch bestien en hie yn de befrijingsdagen wakker súkses by de [[Kanada|Kanadezen]]. Bandlid [[Anne Wadman]] eksperimintearre foarsichtich mei Fryske teksten op har swingend repertoire.