Middelsee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw in stikje yngoegd fan Strjitten yn Snits
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Middelsee.png|right|thumb|300px|De Middelsee]]
De '''Middelsee ''', ek wol ''Bordine'' neamd, wie yn de [[Midsieuwen]] in seeearm dy't de ôfskieding foarme tusken [[Westergoa]] en [[Eastergoa]]. De Middelsee kaam hast sa súdlik as [[Snits (stêd)|Snits]], dat begûn is op de [[himdyk]] fan de Middelsee. De seeearm bestie út twa stikken. De wide mûning fan de [[Boarn]] dêr't it tij it frij hie rûn op de hichte fan Raard noardwerts oant foarby Ljouwert.
 
Nei it westen bestie der fan Raard ôf in ferbining mei it Fly, foarby Snits en Boalsert fia de Marne. Doe't de Marne ôfdamme waard begûn de westlike kom ticht te slibjen wêrnei dy by parten ynpoldere waard. [[Nijlân (doarp)|Nijlân]] wurdt al yn 1230 as doarp neamd. Koart foar [[1199]] hie [[Skearnegoutum]] noch bot te lijen fan de see. By dizze ramp moat gâns in delsetting weispield wêzen, dêr't de spoaren fan yn de Snitser Stedsfinne weromfûn waarden doe't dy bouryp makke waarden.