Alarik I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 51 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q102371
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Reference with punctuation (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 3:
 
== Opkomst ==
Alarik stamme ôf fan in âld Fisigoatysk keningslaach, de [[Balten]] en waard berne op it eilân [[Peuke]] oan de mûning fan de [[Donau]] .<ref>H. Schreiber (1979), ''De Goten, Vorsten en vazallen'', side 132''. </ref>. Doe't syn folk de súdlike grinzen fan it Romeinske ryk oerstutsen wie hy in jier of fyftjin âld. Hy die op jonge leeftyd al mei oan de striid tsjin de Romeinen, û.o. yn de [[Slach by Adrianopel]] en de gefjochten dêrnei.
 
Under keizer [[Teodosius de Grutte]] makke hy opgong yn it [[Romeinske leger]]. Yn [[394]] stried er tsjin de usupator [[Eugenius]] dy't yn de [[slach oan de Frigidus]] ferslein waard. Doe't yn jannewaris [[395]] Teodosius kaam te stjerren, hie syn oerbefelhawwer en plakferfanger regint [[Stilicho]], lykwols de Fisigoaten fan Alarik net nedich en stjoerde se fuort nei harren wengebieten yn [[Moesja]]. Dat wie Alarik net nei it sin, omdat er sels ferwachte hie in hege posysje te krijen. Ynstee fan him fuort stjoere te litten kaam er mei syn folk yn opstân sa gau de situaasje dêr ree foar wie. De Fisigoaten keazen Alarik ta kening, wêrtroch hy sûnt de delgong fan it eardere keninkryk yn [[Roemeenje]] de earste offisjele kening waard dy’t troch alle stammen folge wurde soe.