De Skâns (buorskip): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2289478
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Reference with punctuation (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
De namme fan it buorskip ferwiist nei in [[skâns]] dy't yn [[1576]]<ref>[http://edepot.wur.nl/144243|titel=6.5 ''Ontgonnen verleden''; ''Regiobeschrijvingen provincie Groningen'' Adriaan Haartsen & Nikki Brand. s. 93. Utj. Ministarje fan LNV: Directie Kennis; juny 2009]</ref> ûnder it regear fan [[Caspar de Robles]] oanlein waard. Yn [[1580]] wie de skâns lykwols yn hannen fan de Steatsken, want dat jier wurdt de skâns op 1 septimber ferovere (fannijs) troch de Spanjerts op de Steatske legerlieder [[Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg|Willem Loadewyk]]. De oerwinning duorre koart, want op [[18 july]] [[1581]] ferovere [[hopman]] Schuil út [[Kollum]] de skâns op'en nij foar de Steatsken. Fjouwer jier letter joech Willem Loadewyk substitút grytman Tjarck Sappes (fan de [[stins]] [[Ter Harst]]) de opdracht de skâns te reparearjen. Dat liet er dwaan troch Jan Pietersz dy't dêrfoar stiennen brûkte fan it ôfbrutsen kleaster [[Galilea (kleaster)|Galilea]] út syn doarp [[Boerum]]. Yn [[1590]] wurdt de skâns wer neamd yn ferbân mei fjochterij tusken Steatsken en Spanjerts en letter yn [[1672]], it 'Rampjier'. Op in stuit yn de ieuwen dêrnei moat de skâns oersjochte wêze. It is witten dat de skâns sûnt [[1622]] in [[mûne]] hie, dy't yn [[1742]] ôfbrutsen waard, de foargonger fan de mûne [[Rust Roest]] ([[1856]]) fan no.<ref>[http://www.molendatabase.nl/nederland/molen.php?nummer=107 Munnekezijlster Molen / Rust Roest. Nederlandse molendatabase]</ref>. Tusken likernôch [[1850]] en [[1920]] stie der in [[seachmole]] op de eastpunt fan de skâns; de saneamde ''Bokkemole''. De buorren rûnom waard destiids 'Bokkebuert' neamd. Beide nammen komme fan de oprjochter Jan Sytses Bok.<ref>[http://www.molendatabase.org Database van verdwenen molens]: ''Korenmolen van Munnekezijl'' (nr. 7624) ''en Bokkemolen'' (nr. 4440)</ref>
 
Benoarden De Skâns leit in slûs dêr't de earste foargonger fan, troch de muontsen fan it [[kleaster Jeruzalem]] út [[Gerkeskleaster]] oanlein waard yn [[1471]] (of [[1476]]) foar de ôfwettering fan ûnder oaren de nije polder [[Rûgewaard]]. Yn 1741 waard it slûzestelsel fan no oanlein. Yn [[1882]] waard De Skâns in eilân doe't súdlik dêrfan in nij [[kanaal]] dold waard en de hjoeddeiske grutte spuislûs waard lein mei hjiroer de 'Nij Fryske Brêge'. Oant yn de jierren 1970 wie De Skâns in ticht beboud gebiet en hie it in hotel, mar yn 1976 waarden benei alle 50 huzen sloopt mei de tasizzing fan de gemeente dat der nije foar yn't plak komme soene; dat is lykwols nea bard.<ref>[http://www.destreekkrant.nu/cms-stad/item.php?id=5582 ''Het verhaal van Munnekezijl'', De Streekkrant; novimber 2009]</ref>