Nebûkadnêzer II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L + boarnen
Rigel 2:
'''Nebûkadnêzer II''' ([[Akkadysk]]: Nabû-kudurri-uṣur; [[Arameesk]]: ܢܵܒܘܼ ܟܘܼܕܘܼܪܝܼ ܐܘܼܨܘܼܪ, Nebu Kuduri ’Usur; [[Hebrieusk]]: נְבוּכַדְנֶצַּר, Něḇūḵaḏneṣṣar; [[Aldgryksk]]: Ναβουχοδονόσωρ, Nabouchodonosōr; [[Arabysk]]: نِبُوخَذنِصَّر, Nibūḫaḏniṣṣar; ±634 – 562 f.Kr.) wie in kening fan it [[Nijbabyloanyske Ryk]], dy't regearre fan likernôch 605 f.Kr. oant syn dea yn 562 f.Kr. Neffens de [[Bibel]] wie hy it dy't it keninkryk [[Juda (keninkryk)|Juda]] ferovere, [[Jeruzalim]] mei de grûn lyk makke en de [[Joaden]] yn ballingskip fuortfierde. Oan him wurdt sawol de oanlis fan 'e ferneamde [[Hingjende Tunen fan Babylon]] as de ferwuostging fan 'e [[Earste Timpel]] fan Jeruzalim taskreaun. Syn namme (ek wol stavere as Nebûkadnêzar, Nebûkadnessar of Nebûkadnesser) betsjut yn it [[Akkadysk]], de [[taal]] fan 'e [[Babyloaniërs]]: "O Nabû, hoedzje myn earstberne soan" (Nabû wie de [[Babyloanyske mytology|Babyloanyske god]] fan 'e wiisheid).
 
===Jonkheid===
Nebûkadnêzer wie de âldste soan en erfgenamt fan [[Nabopolassar]], dy't de Babyloaniërs befrijde fan trije ieuwen fan [[Alde Assyriërs|Assyryske]] oerhearsking, troch yn gearwurking mei de [[Meden]], [[Perzen]], [[Skyten]] en [[Kimmeariërs]] it [[Assyryske Ryk]] ûnder fuotten heljen fan en de Assyryske haadstêd [[Ninevé]] te ferwuostgjen. Nabopolassar woe nei syn oerwinning gjin tiid ferlieze om ek de westlike Assyryske provinsjes by syn ryk te foegjen, mar hy koe sels min mist wurde yn [[Mesopotaamje]], dat sadwaande stjoerde er syn soan Nebûkadnêzer mei in leger westoan. Yn 'e [[Slach by Karkemisj]], yn 605 f.Kr., fersloech dy de restanten fan 'e Assyryske legers en harren bûnsgenoaten, de Egyptners, en brocht dêrmei [[Aram]] ([[Syrje]]), [[Fenysje]] ([[Libanon]]) en it âlde keninkryk [[Israel (keninkryk)|Israel]] ûnder Babyloanysk bewâld. Nabopolassar kaam yn augustus fan datseldichste jier te ferstjerren, en Nebûkadnêzer kearde werom nei [[Babylon]] om ta kening kroane te wurden.
 
===Regear===
Nei't er earst de Skyten en de Kimmeariërs, eardere Babyloanyske bûnsgenoaten, ferslein hie, rjochte Nebûkadnêzer syn blik op it westen. Dat waard mooglik makke troch syn houlik mei [[Amytis fan Meedje|Amytis]], de dochter fan 'e Medyske kening [[Kyaksares]], dêr't er syn ferbûn mei it Medyske Ryk, oan syn noardgrins, mei befêstige. Nebûkadnêzer syn grutte fijân wie [[farao]] [[Necho II]] fan [[Egypte]], in eardere Assyryske fazal. In Babyloanyske ynfaazje fan Egypte mislearre yn 601 f.Kr., wat late ta in hiele rige opstannen yn 'e Fenisyske en Kanaänityske buffersteatsjes fan 'e [[Levant]], mei dêrûnder ek it keninkryk Juda. Nebûkadnêzer ûnderdrukte de reboelje lykwols mei hurde hân en ferovere Jeruzalim, de haadstêd fan Juda, yn 598 f.Kr. Neffens de Bibel liet er alle skatten út stêd en Timpel meinimme nei Mesopotaamje en ek kening [[Jojakin fan Juda|Jojakin]], syn hof en grut part fan it folk waard meifierd. As kening fan Juda stelde Nebûkadnêzer no Jojakin syn omke [[Sedekía fan Juda|Sedekía]] oan. Mar dyselde kaam in tsien jier letter ek tsjin him yn opstân. Nei't Nebûkadnêzer yn 586 f.Kr. foar de twadde kear Jeruzalim ferovere hie, liet er de stêd mei Timpel en al sljochtsje. It grutste part fan it oerbliuwende Joadske folk waard doe fuortfierd nei Mesopotaamje, wylst de lêste efterbliuwers yn 581 f.Kr. ek yn ballingskip moasten. Dat wie de [[Babyloanyske Ballingskip]], dy't oant 538 f.Kr. duorje soe en wêrfan't de ynfloed op 'e [[joadendom|joadske]] [[godstsjinst]] oant hjoed de dei ta te merkbiten is.
 
Nei de ferwuostging fan Jeruzalim sloech Nebûkadnêzer belis foar de Fenisyske stêdsteat [[Tyrus]], in belegering dy't trettjin jier duorre, fan 585 oant 572 f.Kr. Uteinlik woene beide siden wol omlyk, dat der waard in kompromis berikt wêrby't de Tyriërs harren deljoegen ûnder in nominaal Babyloanysk gesach. Doe't er de Levant ienris pasifisearre hie, sette Nebûkadnêzer op Egypte ta en fersloech er farao [[Amasis II]]. Neitiid kearde er werom nei Babylon, dêr't er him oerjoech oan de oanlis fan kanalen, [[akwadukt]]en, timpels en wetterreservoirs. Ek de legindaryske Hingjende Tunen fan Babylon, ien fan 'e [[Sân Wrâldwûnders fan 'e Aldheid]], waarden ûnder syn regear en tafersjoch oanlein. Neffens de Babyloanyske tradysje profetearre Nebûkadnêzer, doe't er syn ein neieroan kommen fielde, oer de ein fan fan syn eigen dynasty. Hy stoar yn Babylon yn it foarjier fan 562 f.Kr., en waard opfolge troch syn soan [[Amel-Mardûk]].
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Nebuchadnezzar_II ''References'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Babyloanysk kening]]