Kennewick (Washington): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 24:
}}
'''Kennewick''' is in stêd yn [[Benton County (Washington)|Benton County]] yn de Amerikaanske [[steat]] [[Washington (steat)|Washington]]. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it plak 73.917 ynwenners en yn 2012 neffens in rûzing 75.971.
It is de grutste stêd fan de stêdekloft fan de [[Trije Stêden (Washington)|Trije Stêden]] ''Tri-Cities''. De oare 2 stêden binne [[Richland (Washington)|Richland]] en [[Pasco (Washington)|Pasco]]. Kennewick leit op de súdwâl fan de rivier de [[Kolumbia (rivier)|Kolumbia]] tsjinoer Pasco en leit justjes eastlik fan de ôfsplitsing fan de rivier de [[Yakima (rivier)|Yakima]].
 
==Skiednis==
[[File:Kennewick Cable bridge Vietnam memorial.jpg|thumb|left|Kabel brêge en Tri-Cities Vietnam Memorial]]
Op 28 july 1996 is op de wâl de oerbliuwsels fûn fan in pre-histoaryske man, [[Kennewick Man]] dy sa'n 9300 jier ferlyn libbe hie.
De namme ''Kennewick'' betsjut ''gêrzige gea'' yn de yndiaanske sprake. It is ek wol ''Winter Paradys'' neamt, om de mylde winters yn de omkriten. Yn de 1880er jierren stoomboaten en it spoar ferbûn fan wat Kennewick wurde soe nei oare plakken oan de Kolumbia. Yn 1887 in tydlike brêge wie boud troch it [[Noard Pasifysk Spoar]] (''Northern Pacific Railway'') dy Kennewick mei Pasco ferbûn. In nije bettere brêge waard yn 1888 boud, om't foarhinne fracht ferfier fan [[Minneapolis]] nei [[Tacoma]] oer it fear moast.
Yn de 1890er jierren waarden gemalen boud en sleatten groeven om wetter te ferfieren foar it bewetterjen fan it droege gea, sa't [[lânbou]] mooglik makke waard. Fruithôven waarden omraak oanlein. Ek ierdbeien waarden yn soad ferboud.
Kennewick waard offisjeel in gemeente op 5 febrewaris 1904. Yn 1912 waard besocht om it bestjoer fan de county nei de stêd te heljen fanút [[Prosser (Washington)|Prosser]]. Dat slagge net want it krige krekt de 60% fan de stimmen net, dy't fereasken wiene.