Richland (Washington): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 55:
De stêd hat in iepenbier skoalle systeem foar it legere en fuortset ûnderwiis.
It ''Columbia Basin Community College'' út Pasco hat in ôftakking yn Richland. De [[Washington State University]] Tri-Cities hat syn haadgebou yn de stêd oan de westwâl fan de Kolumbia.
 
==Klimaat==
Richland hat in droech lânklimaat mei in trochsneed wetter delfal fan 180 mm yn it jier. It leit yn ien fan de droechste geaen fan de steat, om't de [[Cascades]] bergen in reinskaad foarmje. Simmers binne waarm en winters binne mylder as yn oare parten fan eastlik Washington. Snie falt komselden.
 
==Befolking==
Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 48.058 minsken, 19707 húshâldings, werfan 31% bern ûnder 18 hie. De befolkingstichtens wie 519,5 /km². Der wiene 20.976 wentes. Der wennen 87% blanken, 1,4% swarten, 0,8% yndianen, 4,7% Aziaten, 0,1% Pasifysk Eilanners, 2,7% fan oare rassen en 3,2% fan mjukste rassen. Etnysk wie 7,8% fan de befolking ''Hispanic'' of ''Latino''.
De trochsneed âldens wie 39,4 jier. 24,2% wie ûnder 18 jier en 14,6% wie 65 en âlder. Der wennen 49% manlju en 51% froulju.
 
It trochsneed húshâld ynkommen wie $53.092 en 8,2% libbe ûnder de [[earmoed]] grins.
 
==Ferkear==
De rykswei Yntersteat 182 rint troch de stêd fanôf de krusing mei ynterstaet 82 justjes bewesten de stêd nei Pasco.
Steatswei 240 fan Kennewick nei [[Vantage (Washington)|Vantage]].
Richland wurdt betsjinne troch Tri-Cities Airport yn Pasco en Richland Airport.
Ben Fraklin busferfier hat bus rûtes om en troch de stêd.
 
==Bekende bewenners==
*James F. Albaugh, 2e haad fan [[Boeing]].
*Hope Solo, fuotbalster foar it Amerikaanske frouljusteam.
*Sharon Tate, aktrise, fermoarde troch Charles Manson folgers.