Hans Peter Richter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L +kat
Rigel 1:
'''Hans Peter Richter''' ([[Keulen]], [[28 april]] [[1925]] – [[Mainz]], [[novimber]] [[1993]]) wie in [[Dútslân|Dútsk]] [[skriuwer]] en [[útjouwer]]. Hy waard benammentlik bekend as auteur fan in stikmannich [[berneboek]]en oer de [[Twadde Wrâldoarloch]] en de dêroan foarôfgeande jierren dat [[Dútslân]] ûnder it bewâld fan 'e [[nazys]] stie. Syn meast ferneamde en súksesfolle wurk wie de [[roman]] ''[[Damals War Es Friedrich]]''.
 
===Libben===
Richter wie hikke en tein yn Keulen. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er fan [[1942]] oant [[1945]] yn it Dútske leger, en ferlear dêrby syn lofterearm. Fan [[1948]] oant [[1952]] studearre er [[psychology]] en [[sosjology]], earst yn Keulen, mar letter ek yn [[Bonn]] en [[Mainz]]. Syn doktoraat behelle er oan 'e universiteit fan [[Tübingen]]. Neitiid wurke er foar ferskate radiostjoerders en bedriuwen, wylst er yn syn frije tiid begûn te skriuwen. Twaris krige er foar syn skriuwwurk in [[stipendium]] útkeard fan 'e ''[[Cité Internationale des Arts]]'' te [[Parys]]. Yn [[1973]] waard Richter perfester wittenskipsmetodyk en sosjology oan 'e hegeskoalle yn it [[Hessen|Hessyske]] [[Darmstadt]]. Richter ferstoar yn [[1993]] yn Mainz.
 
Fan al syn wurk wie de jeugdroman ''[[Damals War Es Friedrich]]'', dy't er yn [[1961]] publisearre, fierwei it meast súksesfol. It boek giet oer it libben fan twa jonges, de iene fan [[kristendom|kristlik]] komôf, de oare in [[joadendom|joad]], dy't tegearre opgroeie yn 'e nazy-tiid. Dizze roman waard yn Dútslân oant [[2008]] 57 kear werprinte, is oerset yn 13 talen (wêrûnder it [[Frysk]]) en der binne wrâldwiid mear as twa miljoen eksimplaren fan ferkocht. Richter waard foar dit boek û.m. de prestizjeuze ''[[Mildred L. Batchelder Award]]'' fan 'e ''[[American Library Association]]'' takend.
 
===Wurk (in kar)===
* 1958: ''Karussell und Luftballon: Vier Geschichten für Kinder''
* 1961: ''[[Damals War Es Friedrich]]''
Rigel 16:
 
[[Kategory:Dútsk skriuwer|Richter, Hans Peter]]
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne|Richter, Hans Peter]]