Hilbert van der Duim: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 5 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q56644 (translate me)
Rigel 9:
Yn [[1981]] foel hy op de 10 kilometer fan it Jeropeesk Kampioenskip en miste dêrtroch de wrâldtitel. Efterôf ferklearre Van der Duim dat er fallen wie oer fûgelstront.
 
By it wrâldkampioenskip fan datselde jier sette Van der Duim op de 5 kilometer de efterfolging op syn tsjinstanner [[Amund SjoebrendSjøbrend]] te gau yn. Hy helle him yn en gie triomfearjend as earste oer de finishline, om pas in heale omloop letter by it útriden (mei help fan syn coach Leen Frommer), troch te krijen dat hy noch in hiele omloop trochgean moast. In dei letter fersmiet Van der Duim definityf syn kânsen op de titel troch by de 1500 meter op in kroankoark te stappen en ûnderút te gean.
 
Ferneamd waard ek syn optreden by it WK fan [[1983]] yn Oslo. Van der Duim wie koart dêrfoar Jeropeesk kampioen wurden en op dat stuit noch regearjend [[wrâldkampioen]]. Nei it foarbyld fan it [[hurdfytsen]] ferskynde hy yn in [[reinbôgetrui|reinbôgepak]] op'e baan. Syn 500 meter wie noch poerbêst (twadde), mar op de 5000 meter hie hy "Brij yn'e poaten", einge as santjinde en ferspile sa in startplak op de ôfslutende ôfstân. Oer dat pak is letter noch in protte sein.