Sarah Young: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
L + katsort -kat
Rigel 12:
'''Sarah Young''' (folút: '''Sarah Louise Young''', [[15 april]] [[1971]]), is in rêstend [[Grut-Brittanje|Britsk]] [[pornografysk aktrise]], pornoregisseur en -produsinte, dy't berne is yn [[Sidcup]], yn it [[Ingelân|Ingelske]] greefskip [[Kent]]. Har karriêre hat him fierhinne op it [[Jeropa|Jeropeeske fêstelân]] ôfspile (benammentlik yn [[Dútslân]]), en hoewol't hja yn 'e njoggentiger jierren op [[pornografy]]sk mêd in superstjer wie yn 'e Dútsktalige lannen, [[Frankryk]], [[Itaalje]], de [[Benelúks]] en [[East-Jeropa]], hat se yn har heitelân Grut-Brittanje nea net botte bekend west, wylst hja yn 'e [[Feriene Steaten]] gjin foet oan 'e grûn krigen hat.
 
===Libben===
Sarah Young waard grutbrocht yn it stedsje [[Winchester]], yn it greefskip [[Hampshire]], yn in gesin mei ien jongere broer. Har mem wie in naaister en har heit in [[boukundich yngenieur]]. Yn [[1986]], doe't se fyftjin wie, waard Young op 'e strjitte oansprutsen troch in fotograaf. Se stimde ta om te posearjen foar in stikmannich topless proeffoto's, dy't neitiid publisearre waarden op 'e ferneamde (of beruchte) ''Page Three'' fan it [[bûlevaarblêd]] ''[[The Sun]]''. De positive reäksjes dy't der op dy foto's kamen, laten ta in útnoeging oan Young om har by in modelleburo op te jaan. Twa jier letter, yn [[1988]], gie Young út 'e hûs en loek se yn by har doetiidske freon, wylst se allegeduerigen aktyf bleau as model.
 
Rigel 19:
Yn it begjin en de midden fan 'e jierren njoggentich wie Sarah Young de ûnomstriden keninginne fan 'e Dútske pornoyndustry, mei û.m. ferskate eigen fideorigen en in eigen produksjebedriuw, ''[[Sarah Young Communications]]''. Hja spile yn teminsten 75 films. Njonken har aktearjen wie se dêrby ek wurksum as [[senarioskriuwer|senarioskriuwster]] en regisseur. Hja wûn ferskillende prizen, mei dêrûnder de ''[[Venus Award]]'' foar bêste Jeropeeske aktrise fan [[1997]]. By de útrikking fan dyseldichste priis, op [[6 desimber]] 1997, kundige se oan dat se har mei koarten út 'e pornoyndustry weromlûke soe. Yn [[1998]] ferfear se nei de [[Feriene Steaten]], dêr't se har op 'e dyk bejaan koe sûnder werkend te wurden, om dêr in rjochtestúdzje te begjinnen.
 
===Keppelings om Utens===
* [http://www.sarahyoung.com/ Offisjele webside fan Sarah Young]
* [http://www.imdb.com/name/nm0950045/ Biografy fan Sarah Young yn 'e ''Internet Movie Database'']
 
[[Kategory{{DEFAULTSORT:Britsk akteur|Young, Sarah]]}}
[[Kategory:Britsk pornoakteur|Young, Sarah]]
[[Kategory:Pornoregisseur|Young, Sarah]]
[[Kategory:Pornografyprodusint|Young, Sarah]]